Der Zauberlehrling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Der binne mear F. Barths
Rigel 35:
 
==Ynfloed==
''Der Zauberlehrling'' is tige bekend yn 'e Dútsktalige lannen. Benammen de rigel wêryn't de learling de weromkearende tsjoender smeket om him te helpen mei deit rotsoaisoadsje dy'tdat er derfan makke hat, is yn in wat ferbastere foarm (''"Die Geister, die ich rief"'') in steande útdrukking wurden yn it moderne spraakgebrûk. Men omskriuwt der in sitewaasje mei wêrby't men de help ynroppen hat fan bûnsgenoaten dy't men sels net yn 'e macht hat, benammen yn 'e polityk.
 
Bûten de Dútsktalige lannen, en fral yn 'e [[Angelsaksyske lannen|Angelsaksyske wrâld]], waard ''Der Zauberlehrling'' popularisearre troch in fragmint fan 'e bekroande [[Walt Disney|Disney]]-film ''[[Fantasia (film)|Fantasia]]'', út [[1940]], wêryn't [[Mickey Mouse]] de learling spilet. ''Fantasia'' bliuwt hiel ticht by Goethe syn orizjineel, behalven dan dat de tsjoender lilk is as er weromkomt en syn wurkpleats ûnder wetter oantreft (in aspekt dat wol wer yn ''Philopseudes'' foarkomt).