Willem Drees: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
foto's
Rigel 1:
[[Ofbyld:Drees, W. - SFA002019221.jpg|thumb|right|250px|''PortertPortret fan Willem Drees.'']]
 
'''Willem Drees''' ([[Amsterdam]], [[5 july]] [[1886]] - [[Den Haach]], [[14 maaie]] [[1988]]) wie in [[Nederlân]]ske [[minister-presidint]] foar de [[Partij fan de Arbeid|PvdA]]. Hy wurdt troch in soad minsken beskôge as ien fan de wichtichste nei-oarlochske Nederlânske politisy. Under syn lieding barde sawol de dekolonisaasje fan Nederlânsk Ynje as de weropbou fan Nederlân. Drees wie sosjaal demokraat mar wol pragmatysk ynsteld , “net alles kin, en seker net alles tagelyk”, is in útspraak fan him.
Rigel 20:
 
== Nei de kriich ==
[[Ofbyld:Kabinet 1956-10-12 - SFA001006690.jpg|thumb|Earste gearkomst fan it nije Kabinet-Drees III yn 1956.]]
[[File:Ivo Samkalden in gesprek met Willem Drees.jpg|thumb|Willem Drees yn petear mei [[Ivo Samkalden]], 1965]]
Oan de ein fan de kriich wie Drees hast 59 jier âld. Hy hie it leafst syn politike karriêre ofsluten as [[boargemaster]] fan [[Amsterdam]]. Troch syn sintrale posysje yn it politike ferset lei it mear yn de reden dat hy in grutte rol spylje soe yn de lanlike polityk. Tegearre mei [[Wim Schermerhorn]] krige hy yn maaie 1945 de opjefte in kabinet te formearjen. Yn dit kabinet wat oantrede soe op [[25 juny]] 1945, wie Drees fice-premier en minister fan sosjale saken. Funksjes dy’t hy ek hie yn it [[Kabinet-Beel]] (1946-1948). Drees liede de SDAP fertsjintwurdiging by de gesprekken oer partijfernijing dy’t op inisjatyf fan de Nederlânske folksbeweging yn de hjerst fan 1945 plak fûn. Hy wurke mei oertsjûging mei oan de foarming fan de [[PvdA]], mar woe foarkomme dat in grut oantal arbeiders har net fine koene yn it nije partijprogram en oerstappe soene nei de [[CPN]]. Hy woe dan ek dúdlikheid. De nije partij moast foaral werkenber wêze as in sosjalistyske partij. As minister fan sosjale saken lei Drees de basis foar de moderne sosjale wetjouwing. Foaral de ynfiering fan de needfoarsjenning âlden fan dagen yn oktober 1947 makke in soad yndruk. Yn ruil foar de ferbreding fan it kabinet yn 1948 mocht de PvdA yn de persoan fan Drees de premier leverje.
 
== Minister-presidint ==
Op [[7 augustus]] [[1948]] begûn Drees oan syn ministerskip dat wol fjouwer kabinetten omfetsje soe en mear as tsien jier duorje soe. As minister-presidint hat er mei foarm jûn oan de perioade fan it wer opbouwen fan Nederlân. Foar syn fyzje op it ekonomyske herstel fan Nederlân ferliende de Ekonomyske Hegeskoalle yn [[Rotterdam]] him yn 1948 in [[earedoktoraat]] yn de ekonomy. As lieder fan kabinetten fan mingde gearstalling wie Drees him derfan bewust dat Nederlân in lân wie fan politike minderheden en dat gearwurking fan de PvdA mei oare partijen needsaaklik wie om herfoarmingen trochfiere te kinnen. It grutste probleem wat hy meimeitsje soe wie de konfrontaasje mei de republyk [[Yndoneezje]]. Drees hat yn 1962 in boek skreaun oer syn libben. In kwart fan dat boek gie oer de Yndonesyske kwestje. Hy hat it erfaren as it grutste en pynlikste punt fan syn hiele politike karriêre. As fice-premier en foaral as minister-presidint droech hy mei ferantwurdlikheid foar it Nederlânsk belied yn Yndoneezje. Hjir hearden de [[polisjonele aksjes]] by. Hy hat altyd gematigd west. Drees hat tsjin de twadde wapene aksje stimd omdat er tocht dat Nederlân isolearre wurde soe. Mar hy lei him del by it beslút fan de mearderheid. Hy tocht dat it ôftreden fan de PvdA-ministers allinnich mar liede soe ta in hurder optreden tsjin Yndoneezje. Hy tocht doe ek oan oare PvdA-winsken dy’t oars nea útkomme soenen. Dat Drees sa’n promininte posysje ynnimme soe yn de nije PvdA wie foar guon minsken net de bedoeling. [[Wim Schermerhorn]] wie eins de man fan fernijing. Drees waard sjoen as de man fan de sosjaal-demokrasy fan foar de kriich. Mar troch syn optreden as minister en as premier waard Drees al gau de lieder fan de PvdA. Mar hy bewarre altyd in sekere ôfstân. Yn it partijbestjoer en yn de fraksje steurde men him hjir nochal ris oan. Drees fûn dat net terjochte, hy fûn dat der in dúdlike skieding wêze moast tusken de reagering, fraksje en partijbestjoer. Yn 1952 en 1956 wûn de partij flink yn de ferkiezings. Drees hie in grut gesach krigen by de befolking. Syn kennis fan saken en syn persoanlike ienfâld en sobere libbensstyl wienen in begryp. De namme Drees stie foar sosjaal rjochtfeardich, sunich en hoeden belied dat yn brede kring stipe waard. In soad net-sosjalisten gienen yn de jierren danksy Drees op de PvdA stimmen. Hy wie de nasjonale steatsman ‘heit Drees’.
[[Ofbyld:Willem Drees Monument Eric Claus.JPG|thumb|right|300px|Monumint ta eare oanfan Willem Drees, makke troch [[Eric Claus]] yn [[1988]]. It stiet flak foar de súdlike yngong fan it [[Binnenhôf]]. ]]
 
== De jierren dêrnei ==