Boarnburgum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
 
== Skiednis ==
Mei [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]] is Boarnburgum it âldste plak fan Smellingerlân. Boarnburgum leit op in hichte, de namme ''burch'' makket dat dúdlik en ''um'' is de ôfkoarting fan -him, dus in droechdrûch plak oan De Boarn. Dêrom wurdt wol tocht dat it doarp westliker lein hat, tichter by de [[Boarn]] of in sydtûke dêrfan.
;himrik
It gebiet dat ûnder it doarp foel, lei nochal útinoar. Fan de Postbrêge oer it rivierke de [[Drait (wetter)|Drait]] oant fier yn it westen, de Botmar ta. Hjir en dêr lei in buorskip: Goaiïngahuzen, [[De Flearbosk]], De Wylgen, Smelle Ie en de buorren om de tsjerke mei It Efterom. De Feanhoop ûntstie doe’t yn de 19e ieu de Beetster Feart groeven waard. De feanterij kaam goed op gong. Oan de ein fan de feart, by de slûs, festigen har hieltyd mear minsken. En de measte petgatten waarden wer as brûkber boerelân oanmakke.<br>