Sankt Goarshausen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 31:
 
==Skiednis==
Sankt Goarshausen waard yn it jier [[1222]] foar it earst neamd. It hearde fanôffan it ein fan de 13e iuw ôf by it greefskip Katzenelnbogden en krige fan kening Loadewyk IV yn [[1324]] [[stedsrjochten]]. Greve Willem II fan Katzenelnbogen liet yn 1371 boppe Sankt Goarshausen de boarch Katz (eins: Neu-Katzenelnbogen) bouwe. DitDat wie in antwurd op de bou fan de boarch Maus (doesdestiids: boarch Peterseck) troch de karfoarst fan Trier. Doe't it grevenhûs útstoar foel Sankt Goarshausen oan it greefskip Hessen. De stêd makke fan 1583 oant 1806 diel út fan Hessen-Kassel en fersoarge tegearre mei Sankt Goar, as iennichste yn it Hessyske gebiet, it ynjen fan de tol op beide kanten fan de Ryn.
 
Nei de Frânske besetting waard de stêd nei it [[Kongres fan Wenen]] (1815) by it hartochdom Nassau foege. Mei't it hartochdom Nassau yn 1866 troch [[Prusen]] waard anneksearre, waard, is Sankt Goarshausen doe de Kreisstadt fan it nij gearstalde Landkreis Sankt Goarshausen wurden.
 
Nei de [[Earste Wrâldkriich]] foel de stêd mei it Rynlân yn de jierren 1920 ûnder de besetting fan de alliearden. Oant 1945 bleau de stêd ûnder it bestjoersdistrikt Wiesbaden fan de provinsje Hessen-Nassau fallen. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] kaam de stêd yn de Frânske besettingssône telâne en waard sa loswekke fan de Hessysk-Nassauske bestjoerslaach om by Rynlân-Palts foege te wurden.