Sankt Goarshausen

De Loreleystêd Sankt Goarshausen leit yn de Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts en is de bestjoersstêd fan de ferbânsgemeente Loreley. Oant 1969 wie Sankt Goarshausen de bestjoersstêd fan it Loreleykreis (oant 1961: Landkreis Sankt Goarshausen).

Sankt Goarshausen
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
Sifers
Ynwennertal 1.288 (2021)
Oerflak 7,06 km²
Befolkingsticht. 182 ynw./km²
Hichte 100 m.
Oar
Postkoade 56346
Koördinaten 50° 09' N 7° 42' E
Offisjele webside
www.sankt-goarshausen
Kaart
Sankt Goarshausen (Rynlân-Palts)
Sankt Goarshausen

Sankt Goarshausen is mei de lizzing oan ien fan de moaiste dielen fan de Ryn in wichtich toeristysk sintrum en heart sûnt 2002 ta it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Middenryndelte.

 
Sankt Goarshausen yn 1655
 
Sankt Goarshausen fan de Ryn ôf

De stêd leit oan de foet fan de Loreley op de rjochter kant fan de Ryn en likernôch 30 km. súdlik fan Koblenz. Oan de oare kant leit de susterstêd Sankt Goar, dy it fluchst mei in oerset is te berikken.

Stedsyndieling

bewurkje seksje

Ta Sankt Goarshausen hearre ek de plakjes Ehrenthal, Wellmich en Heide.

Sankt Goarshausen waard yn it jier 1222 foar it earst neamd. It hearde fan it ein fan de 13e iuw ôf by it greefskip Katzenelnbogden en krige fan kening Loadewyk IV yn 1324 stedsrjochten. Greve Willem II fan Katzenelnbogen liet yn 1371 boppe Sankt Goarshausen de boarch Katz (eins: Neu-Katzenelnbogen) bouwe. Dat wie in antwurd op de bou fan de boarch Maus (doesdestiids: boarch Peterseck) troch de karfoarst fan Trier. Doe't it grevenhûs útstoar foel Sankt Goarshausen oan it greefskip Hessen. De stêd makke fan 1583 oant 1806 diel út fan Hessen-Kassel en fersoarge tegearre mei Sankt Goar, as iennichste yn it Hessyske gebiet, it ynjen fan de tol op beide kanten fan de Ryn.

Nei de Frânske besetting waard de stêd nei it Kongres fan Wenen (1815) by it hartochdom Nassau foege. Mei't it hartochdom Nassau yn 1866 troch Prusen anneksearre waard, is Sankt Goarshausen doe de Kreisstadt fan it nij gearstalde Landkreis Sankt Goarshausen wurden.

Nei de Earste Wrâldkriich foel de stêd mei it Rynlân yn de jierren 1920 ûnder de besetting fan de Alliearden. Oant 1945 bleau de stêd ûnder it bestjoersdistrikt Wiesbaden fan de provinsje Hessen-Nassau fallen. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam de stêd yn de Frânske besettingssône telâne en waard sa loswekke fan de Hessysk-Nassauske bestjoerslaach om by Rynlân-Palts foege te wurden.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
It doarp Wellmich mei de boarch Maus

Boppe de stêd lizze de ruïnes fan de yn 1806 troch de troepen fan Napoleon Bonaparte ferwoastge boarch Katz en, boppe it stedsdiel Wellmich, boarch Maus. De boarch Katz is net iepensteld foar besichtiging, wylst op de boarch Maus regelmjittich rôffûgelshows organisearre wurde. Boarch Maus jout ek in goed sicht op de ruïne fan it kastiel Rheinfels yn Sankt Goar. Rheinfels is fanút Sankt Goarshausen te berikken mei in oerset, in brêge leit 30 kilometer fierderop.

De protestânske tsjerke fan Sankt Goarshausen waard yn 1863 troch Eduard Zais boud. Yn de tsjerke stiet in oargel fan Christian Friedrich Voigt út Igstadt, dat yn 2006 restaurearre waard. De roomske Sint-Jehannes de Doper-tsjerke waard troch de arsjitekten Hans en Christoph Rummel yn de jierren 1923-1925 boud. De Sint-Martenstsjerke fan Wellmich hat op de noardlike muorre fan it skip in grut goatysk fresko fan 10 meter lingte mei in hichte fan 4 meter. It fresko stelt de einichste dei foar en waard nei alle gedachten frij gau nei de bou fan de tsjerke skildere.

Sankt Goarshausen leit flakby de Loreley-rots. In besikerssintrum mei in museum informearret op it plak oer de kultuer en de omjouwing.

  • Ein juny: Tal total, beide kanten fan de Ryn binne dan fan Koblenz oant Rüdesheim sletten foar auto's om fytsers rom baan te jaan.
  • Elts tredde wykein fan septimber Rhein in Flammen, in spektakulêr fjoerwurk by Sankt Goarshausen en Sankt Goar

Likernôch 50% fan de befolking is lid fan de protestanske tsjerke, wylst 30% katolyk is. Yn Sankt Goarshausen hat fan de 17e iuw oant yn de jierren 1930 in lytse joadske mienskip west, dy't nea mear as 2,4% (1895) fan de befolking útmakke.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sankt Goarshausen fan Wikimedia Commons.