Lina Haag: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat, ferfryske
Rigel 6:
Yn [[nazy-Dútslân]] waardt se yn ferskate [[finzenis]]sen en kampen fêsthoâlden en tramtearre. De ta de dea feroardielde [[Liselotte Herrmann]] krige nei it fonnis acht pinestillers dy't se foar harsels opsparre hie. Nei't se frij litten wie waard se ferienige mei har dochter. Dêrnei gie se hast alle dagen nei it haadkertier fan de [[Schutzstaffel|SS]] om de frijlitting fan har man te bepleitsjen. Lang om let waard har in petear mei [[Heinrich Himmler]] tastien; se freget him nochris om it har man Alfred frij te litten. Himmler soarget yndie foar syn ûntslach út it [[Mauthausen (konsintraasjekamp)|konsintraasjekamp Mauthausen]]. Alfred wie dêr en yn [[Dachau (konsintraasjekamp)|Dachau]] martele. Hy waard al rillegau oproppen foar tsjinst oan it [[Eastfront (Twadde Wrâldoarloch)|eastfront]]. Harren hûs yn [[Berlyn]] wie bombardearre. Lina moast oan't wurk yn in sikehûs yn [[Garmisch-Partenkirchen (stêd)|Garmisch-Partenkirchen]]. Dêr skreau hja in brief oer har ûndefiningen oan Alfred, wylst se net wist oft se him ea noch sjen soe. Dy brief is publisearre yn it boekje ''Eine Hand voll Staub – Widerstand einer Frau 1933 bis 1945''.
 
Yn 1948 komt Alfred frij út in kriichsfinzenekamp fan it [[Reade leger]] fan de [[Sovjet-Uny]]. TotOant zijnsyn dooddea inyn 1982 leefdenlibben Alfred en Lina Haag samenbyinoar. Lina is al har libben lang [[pasifisme|pasifiste]] bleaun en wenne oant har dea yn München. Sy waard 105 jier âld.
 
== Film ==