Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ik haw de namme fan Germania ferfrysk in Germaanje
Rigel 1:
== Romeinen yn Fryslân ==
[[Ofbyld:Drusus the elder bust.jpg|thumb|righ|De Romeinske generaal Drusus]]
Yn [[12 f.Kr.]] begûn de [[Romeinen|Romeinske]] generaal [[Drusus]] in kampanje yn [[GermaniaGermaanje]]. Yn dy fjildtocht moete hy de [[Friezen]]. Dy Friezen joegen harren sûnder tsjinstân oer. Hja leveren sels soldaten doe't Drusus op it waad yn problemen kaam. Drusus lei de [[Frisii]] in ridlike skatting op yn kowehûden. Wat oars hawwe hja nei alle gedachten net hân.
 
== Status fan de Friezen ==
Rigel 9:
 
== De Fryske Opstân ==
Yn [[28]] nei Kristus stelde [[Olennius]] dat de kowehûden net de mjitten fan hûden fan de lytse Fryske kei hawwe moasten, mar dy fan de oerokse. Dit wie foar de Frisii net mooglik. Har fee wie sa grut net en allinnich op 'e râne fan harren gebiet kaam mooglik wolris in oerokse, mar net genôch foar de skatting. Lykas Olennius witte moatten hat koenen de Friezen dêr net oan foldwaan. Mei dy rjochtfeardiging namen de Romeinen earst de kei fuort, doe it lân en doe de froulju en bern. Dit soarge foar in opstân. De soldaten dy de skatting ynjen kamen waarden pakt en ophongen. Olennius ûntsnapte nei it [[Flevum|fort Flevum]], dêr't er troch de Frisii belegere waard. [[Lapronius]], de gûferneur fan [[Germania InferiorNeder-Germaanje]], besocht de opstân te ûnderdrukken en rôp de help yn fan de legioenen fan [[Germania SuperiorBoppe-Germaanje]]. Hy koe de Friezen werom driuwe nei de omkriten fan fort Flevum, mar dat slagge allinnich mei grutte ferliezen. De skatting koe er net op 'en nij ynstelle.
 
== De grins ==