Karel de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 20:
Oan de oarloch tsjin Karel syn oare fijân, de [[Langobarden]], gong in konflikt tusken de Byzantinen en de Langobarden foarôf. De Langobardyske kening Desiderius oermastere yn [[773]] it [[eksargaat]] [[Ravenna]] dât bestjoerd waard troch it [[Byzantynske ryk]] en dêr't ek de stêd [[Rome (stêd)|Rome]] ûnder foel. De paus [[Adrianus I]] frege Karel om help, en dy teach mei in mânsk leger yn [[773]] nei Itaalje ta. Hy besette de Langobardyske haadstad [[Pavia]] en fersloech de ynfallers. Kening Desiderius waard troch him ôfsetten en brocht hy it gebiet tusken Rome en Ravenna mei klam ûnder Frankyske beskerming. Op [[Peaskedei]] [[774]] teach er Rome yn en waard as in keizer ûnthelle en eare. Mei tastimming fan de paus neamde Karel himsels tenei ''kening fan de Franken en fan de Langobarden''.
 
Yn [[788]] waard mei it hartochdom [[Beieren]] it lêste [[stamhartochdom]] by it Frankyske ryk ynlive, yn [[795]]-[[796]] folge de ûnderwerping fan it ryk fan de [[Avaren]] oan de eastgrins yn it tsjintwurdige [[Hongarije]]), en yn [[811]] twong Karel de [[Denen]] de rivier de [[Eider (rivier)|Eider]] oan te nimmen as grins en koe sadwaande de ynfallen fan de [[Wytsingen]] tsjinhâlde. En ek al bleau yn [[778]] syn fjildtocht tsjin de [[Moaren]] in [[Spanje]] sûnder grutte gefolgen, hy koe wol it gebiet besuden de [[Pyreneeën]] oermasterje en tafoegje oan it ryk as de [[Spaanse Mark]]. Hjir mei waard ek de opgong fan de [[Islam]] ta stean brocht.
 
Op de ein hie Karel in grut part fan it eartiidske [[West-Romeinske ryk]] (en grutte gebieten der omhinne) ferienige ûnder syn hearskippij. Op it hichtepunt fan syn macht hearske er oer in gebiet dat rikte fan de [[Elbe]] en de [[Oder]] oant de [[Pyreneeën]], en dat sa ûnbidige grut wie dat it in konkurrint waard fan it [[Byzantynse ryk]] en dêrmei de opfolger fan it Romeinske ryk yn it westen.