Slach om Arnhim: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
Nije side
 
No edit summary
Rigel 1:
De '''Slach om Arnhim''' wie in histoaryske slach tidensyn de [[Twadde Wrâldkriich]], dy't fan [[17 septimber|17]] oant [[25 septimber]] [[1944]] yn en om de stêd [[Arnhim]] hinne plakfûn.
 
Doe't yn de simmer fan 1944 [[Frankryk]] en [[Belgje]] befrijd wienen, stienen de [[alliearden]] op it punt om it noch besette [[Nederlân]] binnen te fallen. Dat waard behindere troch flinke obstakels lykas de [[Westwall]] en de [[Ryn]]. Under oanfiering fan fjild[[maarskalkfjildmaarskalk]] [[Bernard Montgomery]] waard [[Operaasje Market Garden]] opsetten, mei as doel om dizze Dútske stellingen troch te brekken oer Arnhim. Parasjutisten waarden yn de omjouwingomkriten dropt om inkelde wichtige brêgen oer te nimmen en fêst te hâlden oant de grûntroepen dêr goed twa of trije dagen letter komme soenen.
 
Troch ûnferwachtse Dútske tsjinoanfallen slagge mar in lyts ploechje deryn de brêge by Arnhim te berikken; de measten waarden al bûten de stêd tsjinholden. Underwilens duorre de opkomst fan de grûntroepen nei it noarden ta ek langer, wêrtroch't nei fjouwer dagen de pear oerbleaune parasjutisten by de brêge gjin kant mear op koenen en op in plak sieten dêr't it likernôch ûnmooglik wie om fersterking te krijen. Nei njoggen dagen fjochtsjen moasten de alliearden harren weromlûke en dêrmei wie de operaasje mislearre.