Jakoba fan Beieren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L fertaald
netjies
Rigel 35:
}}
 
'''Jacoba fan Beieren''' ([[Le Quesnoy]], [[Henegouwen]], [[16 july]] [[1401]] – [[Teijlingen]], by [[Sassenheim]], [[9 oktober]] [[1436]]) wie [[greve]] fan [[Greefskip HollandHollân|Hollân en Seelân]], [[Greefskip Henegouwen|Henegouwen]] en [[hartoch]] fan [[Hartochdom Beieren|Beieren]].
 
==De earste jierren ==
Op 15 jierrige leeftyd trout se mei de Frânske prins [[Jan fan Touraine]], dy’t yn jannewaris 1417 ferstoar. Fermoedlik troch fergif. Yn 1417 ferstoar har heit [[Willem VI fan Hollân|greve Willem VI]]. Sy folge har heit op, mar har omke de Luikse biskop [[Jan fan Beieren]] krieg Hollân tawizen fan de Dútske Keizer[[Sigismund fan het Hillige Roomske Ryk|Sigismund]]. De striid tusken Jacoba en Jan betsjutte in oplibbing fan de [[Hoekske en Kabbeljauwske twisten]].
 
Yn [[1418]] troude Jocoba fan Beieren mei har Neef [[Jan IV fan Brabân]]. De krieg hjirfoar tastimming fan de Paus. Er wie in soad protest tsjin it houwelikhoulik, sa wienen ûnder oare Hollân en SeelanSeelân tsjin. Ûnder druk fan keizer Sigismund waard de pauselike tastimming yntroke. Omdat hy syn finansjeel ferplichtingen net koe neikommen, ferhierde Jan IV it grûngebiet fan Jacoba foar 12 jier oan har fijân [[Jan fan Beieren]]. Jacoba liet hjir op it houwelik ûnjildich ferklearren en gie nei [[Ingelan]], wer sy yn [[1422]] troude mei [[Humphrey fan Gloucester]].
 
Tegearre mei Humprey gie sy yn [[1424]] werom nei Hollân om de striid oan te gean tsjin har eks- echtgenoat Jan IV, dy’t stippe waard troch [[Filips fan Boergondië]] (Filips de Goede).
Doet Hymprey har yn [[1425]] yn de steek leit foar in hofdame, joech Jacoba fan Beieren de striid op. Se joech sich oer oan Philips fan Boergondië en waar yn [[Gent]] yn de finzenis setten.
 
==Fernijde striid==
Doet har omke Jan fan Beieren ferstoar, kamen syn gebieden yn hânen fan Philips fan Boergondië. Jan IV waard greve fan Hollân en Seelan. De Hoeken fersetten sich hjirtsjin en befrijden Jacoba fan Beieren. De eallju lieden fan it skuttersgilde “Sint Joris”fanJoris” fan [[Heusden]] Spiering en Aalburg slaggen deryn Jacoba fan Beieren te moetsjen en tegearre mei har waard in ûntsnappings plan makke. Jacoba en har kamenier ferkleiden har yn manneklean en runen simpel it kastiel út. Bûten wachten SpierenSpiering in Aalburg mei hynders en it fjouwertal wist te ûntkommen fia Breda en Woudrygem nei Vianen.
 
Jacoba pakt de striid tjsin Philips fan Boergondië wer op yn de trijehoek [[Gouda]] - [[Oudewater]] - [[Schoonhoven]]. Trije jier letter moat se wer frede slutten. Yn dit fredesferdrach (de [[tútTút fan Delft]]) waard bepaald dat Philips fan Boergondië erfgenaam soe wurde fan Jacoba fan Beieren. En dat Jacoba fan Beieren net mear mocht trouwe. Jacoba bliuwde yn namme noch grevin fan Hollân mar moast al snel alle macht ôfstien.
 
In pear letters is se dochs troud mei [[Frank fan Borselle]]. Trochdat se hjirmei it fredesferdrach skeinde, moast se definityf ôfstân dwaan fan al har macht. Se trêde werom op it slot Teylingen, wer se yn [[1436]] op 35 jierrige leeftyd festoar oan [[tuberkulose]]. It is net bekind wer Jacoba fan Beieren te hôf brocht is. Er binne oanwizingen dat se yn de Nederlânske herfoarmde Tsjerke yn [[Sint Maartensdyk]] leit. Mar mear foar de hân is dochs dat se te hôf is brocht yn [[Delft]].