Laren (Noard-Hollân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 9:
 
== Skiednis ==
Laren is ien fan de âldst beboude plakken yn [[it Goai]]. It alderearste folk dat der wenne wie it [[Trachterbekerkultuer|trachter-bekerfolk]]. (Omtrint 2500 f.Kr.) Letter kamen der minsken fan Frysk-Saksyske oarsprong te wenjen. Yn [[1085]] stifte de [[biskop]] fan [[Aartsbisdom Utert (Roomsk-Katolike Tsjerke)|Utert]] it kapittel [[Sint Jansbasilyk (Laren)|Sint Jan]] op de heuvel dy't no bekend is as [[Sint Janstsjerkhôf]]. Nei it stee fan dizze kapel en begraafplak rinne fan âlds Goaiske [[Lykwei|lykwegen]] út alle rjochtingen.
 
Laren hat in boeredoarp west, mar ek de weefyndustry naam in wichtich plak yn. Nei it oanlizzen fan de tramline fan Hilfertsom nei Amsterdam (de ''Gooise Moordenaar'') yn 1892 is Laren ek in keunstners- en forinsedoarp wurden.