Nederlânske Grûnwet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
Nij
 
republyk---> wie wilens in keizerryk
Rigel 7:
Yn de Steatsregeling wiene bepalings fêstlein dy't te krijen hawwe mei [[boargerlik rjocht|boargerrjochten]], de steatsynrjochting, it bestjoer yn [[provinsje]]s (departeminten) en [[gemeente]]n, finânsjes, bûtenlânske saken, [[rjochterlike macht]] en feroaring fan de Steatsregeling. Yn septimber 1801, nei op 'e nij in steatsgreep, waard de Steatsregeling ôfskaft. Yn oktober fan dat jier kaam der lykwols alwer in nije.
 
Doe't yn novimber 1813 in ein kaam oan de ynliving fan Nederlân troch deit [[Earste Frânske Keizerryk|Frânske RepublykKeizerryk]], waard besletten dat der in grûnwet komme moast. In spesjale kommisje waard oprjochte om in grûnwet te ûntwerpen, en op 29 maart 1814 waard dy troch in "Grutte Gearkomste fertsjintwurdigjende de Feriene Nederlannen" goedkard.
 
Nei de feriening fan de Noardlike en Súdlike Nederlannen yn 1815 waard de grûnwet feroare. Ien fan de wichtichste ynhâldlike oanpassings wie it opdielen fan de Steaten-Generaal yn twa Keamers: de [[Earste Keamer]] en de [[Twadde Keamer]]. Nei 1815 is de grûnwet noch meardere kearen feroare.