Grutte Tsjerke (Rynsburch): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 37:
It âldste diel fan de tsjerke is de mei [[dowestien]] boude [[Romaanske arsjitektuer|romaanke]] toer, in oerbliuwsel fan de oan de hillige [[Laurentius fan Rome|Laurentius]] wijde kleastertsjerke fan de [[abdij fan Rynsburch]]. Dy abdijtsjerke hie oarspronklik twa tuorren en fan dy twa is allinne de súdlike toer bewarre bleaun. De [[Lantearne (boukunde)|lantearne]] is in 19e-iuwske tafoeging. De toer is fan de boargerlike gemeente. Dat is al sûnt de [[Frânske tiid]] sa, doe't in dekreet fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] hast alle tsjerketuorren ûnteigene en tawiisde oan de oerheid.
[[File:Rijnsburg-Grote Kerk-09.jpg|thumb|left|250px|''Ynterieur'']]
Yn de jieren 1577-1578 waard achter de toer in nije tsjerke boud. Dêrnei folgen der ferskate útwreidings: yn 1633 (in noardlik [[Skip (tsjerke)|sydskip]]), 1660 (in [[Koer (tsjerke)|koer]]omgong), 1903 (in súdlike sydskip) en yn 1910 en 1923 de [[Dwersskip|dwersskependwersskippen]].
 
Yn de jierren 1980 waard de tsjerke sletten foar in grutte restauraasje. Yn dy tiid is û.o. it dak ferfongen. In lêste grutskalige restauraasje fan de Grutte Tsjerke hat yn 2010 plakfûn.