Drachtster Feart (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Red., ik haw noch wol in hantsjefol fragen...
Rigel 1:
[[Ofbyld:Drachsterfeart foar WOII.jpg|thumb|250px|''De feart yn Drachten foar [[Twadde Wrâldkriich|WOII]]'']]
[[File:Het Carillon in Drachten aan het einde van de nieuwe Drachtster vaart.jpg|thumb|250px|De nije feart einiget yn it sintrum fan Drachten by it kariljon]]
De '''Drachtster Feart''' (ek: ''[[Drachtster Kompanjonsfeart]]'') lei tusken [[Drachten]] en [[Haulerwyk]]. It kanaal wie ferdield yn fiif panden, troch [[skutslûs|skutslûzen]] fan elkoar skieden en fan de [[Fryske boezem]] oan de [[Drait (wetter)|Drait]] of Dracht, in Fryske namme foar fuorde. It besit fan fearten mei harren [[skutslûs|ferlaten]], [[brêge]]n en wâlen levere de Kompanjons toljild, skut- en brêgewippersjilden op, wylst se der ek it fiskrjocht hienen. Nijkommers fêstigen har oan de feart, dêr't in kearn, it lettere Drachten ûntstie. It plak [[Drachtster Kompenije]] is earst yn 1772 stichte. De feart is groeven fan [[1641]] ôf doe't it heechfean, eastlik fan Drachten, ferfeante waard. Benypt provinsjebelang makke dat earst nei [[1760]] ek oansluten waard by de Drintske kanalen yn [[Feanhuzen (Noardenfjild)|Feanhuzen]]. Der sieten 5 slûzen yn, [[Bûtenstfallaat]], westlik fan Drachten, is noch it langste brûkt. Eastlik is de Feart in ôfwetteringskanaal.
 
== Skiednis ==
Passchier Hendricks Bolleman, in keapman, sollisiteur en feanbaas, berne yn [[De Haach]] of [[Drongelen]] yn it jier 1585, tekene op 5 oktober 1641 in oerienkomst mei de notabelen fan [[Noarderdrachten|Noarder]]- en [[Suderdrachten]] foar it graven fan de Drachtster Kompanjonsfeart, in [[feanfeart]]. Achthûndert arbeiders binne oan it wurk set om de Drachtsterfeart te graven. Om 1643 wie der al in skoalle by de brêge.
 
Op 7 febrewaris 1649 kamen Saco Fockens en Saco fan Teyens samen mei Passchier Hendriks Bolleman foar. Se wioenenwoenen nije feangrûnen yn it grinsgebiet tusken [[Opsterlân]] en SmellinegrlânSmellingerlân “te water brengen”. Nei [[ferfeanting]] fan de wiken koe de turf oer [[De Lemmer]] ôffierd wurde nei de Hollânske stêden. Der is in notariële akte opmakke troch [[Crackstate|Joannes fan Crack]], Saco Fockens, Jacob fan Runia as man fan [[Oenemastate|Amerentia fan Oenema]], Asswerus fan Vierssen (1598-1662) as kurator fan Catharina fan Oenema en Saco Teyens ta ''interinement'' en útfiering fan harren oktroai ta it graven fan in feart. Yn 1656 gie Bolleman fallyt en stoar koart dêrnei.
 
[[Ofbyld:Hoogveenontginning door Jacobus Sibrandi Mancadan.jpg|thumb|250px|''De ûntginning van het [[Fean (grûnsoarte)|heechfean]], skildere troch [[Jacobus Sybrandi Mancadan]]'']]