Skiermûntseagersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Top8 (oerlis | bydragen)
link ferbettere
→‎Taalgebrûk: The Taalpluech does not exist anymore as can be read online in the publications of De Dorpsbode.
Rigel 31:
De wichtichste foarfjochter fan it Skiermûntseagersk wie [[Douwe Fokkema sr.]] ([[1890]]-[[1983]]), dy't him fan 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] ôf o sa foar syn memmetaal ynsette. Sa skreau er yn [[1960]] de ''Beknopte Spraakkunst van het Schiermonnikoogs'', en ek publisearre er yn [[1968]] by de [[Fryske Akademy]] de earste wurdlist fan it dialekt, de ''Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs''. Yn [[1979]] ferskynde fierders ûnder syn redaksje it ''Schiermonnikoger Lôzbúek'', it earste lêsboek foar skoalbern yn it dialekt. Teffens wie Fokkema aktyf as [[oersetter]], wêrby't er û.m. in grut diel fan it [[tsjerke|tsjerklik]] [[liet]]boek, it ''[[Evangeelje fan Mattéus]]'', it [[bibel]]boek ''[[Ruth]]'' en ferskate oare bibelfragminten nei it Skiermûntseagersk ta oerbrocht. Yn dyselde tiid skreaune ek [[dichter]]s as [[Lammert Wiersma]], [[Pita Grilk]] en [[Jacob Fenenga]] yn it eilândialekt.
 
Sûnt de jierren tachtich bestietoant it earste desennia fan 'e 21ste iuw bestie op Skiermûntseach de ''[[Taalplúech]]'', in wurkgroep wêrfan't de leden koarte ferhalen en gedichten yn it eilândialekt skriuweskreaune. Teffens fersoargetfersoarge dizze organisaasje kursussen foar oarstaligen om it dialekt ûnder de knibbel te krijen; yn [[2001]] wiene der sa'n tweintich minsken dy't op dy wize it dialekt learden, wylst der yn [[2004]] sa'n tritich dielnimmers wiene. Yn De Dorpsbode fan 15 oktober 2009 wie de leste oprop dien ta dielnamme oan de Taalpluech, mar der wiene gjin nije leden en dermei wie it besteansrjocht fan de Taalpluech yn 2009 effektyf beeinige. It Skiermûntseagersk wurdt ek noch brûkt foar [[muzyk]]. Sa hawwe [[Henriëtte Pieperiet-Van Bon]] en [[Greta Hoogvliet]] in [[cd]] útbrocht mei [[liet]]sjes yn it dialekt, mei as titel ''Eilander Liêten, fan de Lytje Pole''.
 
Yn 'e njoggentiger jierren stalde [[Els Perdok]] (de suster fan Henriëtte Pieperiet) in nije wurdlist gear, dy't úteinlik nei in jier as njoggen yn [[2001]] yn útwreide foarm op it eilân publisearre waard as it 400 siden tellende ''Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs'', by de [[Kultuerhistoaryske Feriening 't Heer en Feer|Kultuerhistoaryske Feriening '''t Heer en Feer'']]. Dêryn binne ek noch nije wurden opnommen, lykas ''steunkar'' foar "rollator". Yn [[2002]] kaam der by de Fryske Akademy in oar Skiermûntseagersk [[wurdboek]] út, it tritichtûzen wurden tellende ''Eilander Wezzenbúek'', gearstald troch [[Willem Visser]] en [[Siebren Dyk]].