Burdaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 11:
postkoade = 9111-9112 |
}}
'''Burdaard''' ([[Nederlânsk]]: ''Birdaard'') is in plak yn [[Ferwerderadiel]] mei 1.158 ynwenners (1 jannewaris 2014). Sûnt [[1973]] is it ien doarp mei it eardere [[Wânswert oan 'e Streek]]. De Burdaarders moasten oant de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] wachtsje foar't se ûnder deselde gemeente foelen, mei't in part fan it doarp oant dy tiid by [[Dantumadiel]] hearde. Se bekroaden har der net folle oer. Allinne by de gemeenterieferkiezingsgemeenteriedsferkiezingen hongen oan beide kanten fan de Ie ferskillende biljetten.
 
== Skiednis ==
=== Untstean ===
[[Ofbyld:Burdaard brêge.wiki.jpg|right|frame|Burdaard op in gravuere fan [[J. Bulthuis]], ein fan de 18de iuw.]]
Burdaard is ûntstien as in [[terp]] tsjin de [[Dokkumer Ie]] oan. Yn [[945]] wurdt Burdaard as ''Breitenfurde'' (''BreedfurdBreedfurde'') neamd yn de registers fan it [[kleaster Fulda]]. It liket der lykwols op dat der wolris ferskil wie tusken de namme dy't it kleaster delskreau, en de namme dy't lokaal brûkt waard. Der wurdt oannaam dat yn dit gefal de wiere namme ''Birdwerd'' west hawwe moat, "terp oan de râne" (fan it wetter). It soe ek wêze kinne dat it hjir om in Dútske beneaming gean kin dy't oersettenoerset wurde kin as "brede fuorde". (in [[furde]] is in ûndjippe trochgong yn in wetter). Yn [[1409]] wurdt foar it earst melding makke fan in plak mei de namme "''Berdawerd''", in foarrinderfoarrinner fan de namme Burdaard. Dêrnei waard it ek noch wol stavere as "''Berdaewerdt''", "''Bierdauwert''" en "''Berdaerdt''".
 
Yn de rin fan de tiid ûntstiet der in streekdoarp. It measte ferkear gie doe oer it wetter, dat de [[Dokkumer Ie]] wie in wichtich skipsfeartswetterskipsfeartwetter. Der kaam sa hannel om de skippen fan it nedige te foarsjen. Ek kamen der ambachtslju dy't mei it wetter te dwaan hienen hiene. DerSa hawwe sader trije skipshellingsskipshellingen west. Dêr waarden foaral fiskersskippen boud.
=== Dokkumer Ie ===
Om [[1250]] hinne waard de Ie tusken Burdaard en [[Tergrêft]] trochgroeven, en yn [[1506]] wie de earste grutte slatting fan dizze rivier.) Der wurdt melding makke fan in trochwâd oeryn de Ie by BirdaardBurdaard. De plaknamme feroare in skoft yn "''Berdawerder(a)tille''". Yn [[1777]] bart de twadde grutte slatting fan de Ie. Flak dêrnei begjint de Frânske besetting.
 
=== Hannel ===
In oare geunstige ûntwikkeling hat west dat Burdaard ek lei op de'e grins lei tusken de klaai en de wâlden. Burdaard waard sa in steapelplak foar de trochfier nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Dokkum]]. Keaplju kochten foaral tsiis op datdy't se wer fierder ferkochten. Dêrnjonken wie der in hannel yn fee. Tongersdeis waard der yn Burdaard de foarmerk holden foar de freedsmerk yn Ljouwert.
 
Ut de'e skieppehandelskieppehannel kaam fuort dat der slachters kamen. Dy slachten de skiep en ferkochten it fleis nei de stêden. It fet waard brûkt troch de kearsemakkerij. IenigeIt iennige wêrdêr't gjin hannel yn siet, wienenwiene de koppen fan de skiep. De Burdaarders hawwe dêr de [[bynamme|namme]] fan skieppekoppen oan oerholden.
 
De ûntwikkeling is ek oan de Ie ferrûn. It wienenwiene foaral rintenierjende boeren dy't in hûs oan it wetter in gaadlik plak fûnen.
 
Yn de 19e iuw begjint de rykdom fan de BurdaaardersBurdaarders te groeien. Om [[1860]] hinne wurde in oantal trochgeande diken dy't troch Burdaard rinne ferhurde, te witten de wegen nei [[Jislum]], [[Wânswert]] en [[Stiennen Daam]].
 
Yn de nacht fan 15 op 16 augustus [[1944]], yn de [[Twadde Wrâldoarloch]], waard it hûs fan prominint fersetslid Freerk Leystra mei hângrenatenhângranaten ferwoaste en yn de lôge setten, as represaille nei in fjoergefjocht yn en om it hûs tusketusken trije fersetsleden, wêrûnder Leystra sels, en in oantal leden fan de [[Sicherheitsdienst|SD]], wêrby't twa fan de trije SD'ers it libben ferlearen. Yn dyselde nacht ferlieten in soad Burdaarders it doarp koarte tiid, út eangst foar de Dútske besetter, om even letter werom te kommen. Leystra is oant de ein fan de oarloch ûnderdûkt bleaun.
 
Om [[1970]] hinne lûkt in ekonomyskjeekonomyske malêze troch it doarp, mei as gefolch dat in soad winkels ophâlde te bestean. Yn [[1972]] begûn in grut [[ruilferkaveling|ruilferkavelingsprojekt]] en om [[2000]] wreide it doarp flink út neimei in nijbouprojekt oan de westkant fan it doarp, oan de [[Dokkumer Ie]].
 
=== Yndustrialisaasje ===
Nei 1900 waarden it [[molkfabryk]] [[Konkordia]] en de feefoerkoöperaasje [[De Iendracht]] stiftestichte. De Iendracht ferwurke ek dong. Nei 1945 binne beide troch fúzjes ferdwûn. Fan Konkordia is neat mear oer. Yn it kompleks fan De Eendracht hat him no in arsjitekteburo festigefêstige.
 
== De mûnen ==
YnIn eardere foarm fan yndustrialisaasje wie de bou fan [[mûne]]n.
 
=== De Swel ===
[[Ofbyld:Burdaard mûne.JPG|thumb|right|200px|de mûne de Swel]]
Yn [[1841]] waard yn Burdaard in pel-,meal- en houtseachmûne stiftestichte. DizzeDy baarndebrânde yn [[1874]] ôf. De eigener besleat om in nije mûne bouwe te litten. Dy krige as namme ''De Swel'', ''De Zwaluw''. Neffens oerlevering gie it yn de earste tiid net sa goed mei de saken. De eignereigener kaam der sa op om de mûne 'De Swel' te neamen. Hy soe dan oan it sprekwurd tocht hawwe dat swel oan de simmer ferbynt.
 
Op 11 novimber [[1972]] sloech it wjerljocht yn 'e mûne dy't al net mear brûkt waard en ferrinnewearre rekke wie. It doarp hat doe besletten om de mûne wer syn âlde gloarje te jaan. Der wienenwiene ferskate tûkelteammen, mar yn [[1989]] waard der mei it wurk begûn. Yn [[1995]] stie de mûne der wer kreas by. Yn [[1999]] kaam der hielendal klear troch't it houtstek ek restaurearre wie, mei in museum deryn. De mûne waard eigendom fan de gemeente [[Ferwerderadiel]], en wurdt no draaid troch frijwillige mûnders. Bakkers litte der harren moal mealle en sneons draait ek de houtseagerij wer.
 
De Swel is mei syn hichte fan 42 meter in wichtich part fan it doarpsgesicht fan Burdaard.
 
=== De Traitebel ===
Yn [[1855]] liet [[P. Oberman]] in houtseachmûne bouwe. Hy krige as namme: De Traitabel. Dat wol sawat betsjutte as brûksum of hânsum. Yn [[1864]] baarndebrânde de mûne ôf. Der kaam wer in nije mûne, oant yn [[1918]] op [[Krystjûn]] der bern mei fjoer boarten. Wer gie de mûne yn flammen op. Op it mûnehiem kaam doe in elektryske houtseagerij, mei deselde namme. Sa'n fjirtich jier letter, yn de fyftiger jierren, is dy lykwols wer sletten.
 
=== De Oaljefant ===
In eintsje bûten Burdaard stiet de wettermûne [[De Oaljefant (Burdaard)|De Oaljefant]], ''De Olifant''. DizzeDy mûne is yn [[1856]] út [[Grinslân]] kommen. It doel wie om it lettere [[wetterskip]] [[De Oaljefant (wetterskip)|De Oaljefant]] te bemeallen. It wetterskip is yn gruttere wetterskippen opgien. Yn [[1970]] stie de mûne derdêr bûten gebrûk. Der kamen doe plannen om de mûne wer yn syn âlde steat werom te bringen. Fan 1978/1979 en yn 1991 binne dy plannen mei súkses útfierd. De mûne draait wer mei in frijwillige mealdermealler. De Stichting [[De Fryske Mole]] is eigener wurden.
 
== De âlde brêge oer de Ie ==
[[Ofbyld:Birdaard, ophaalbrug met kerk op achtergrond 2009-09-19 10.53.JPG|thumb|300px|right|''Brêge fan Burdaard'']]
In ferklearingferklearring fan de namme Burdaard soe ek yn it âlde wurd furdfurde lizze kinne. In furdfurde wie in plak wêrdêr't je troch it wetter rinne koene. Burdaard hie ek in furdfurde oeryn de Ie. Troch't de skippen grutter waarden, moast ek itde furdfurde ferdwine. Yn 1777 krige Simen Jans, de kasteleinkastlein fan de herberch dêrnjonken, in fergunning om de in brêge oer de Ie te meitsjen. DitDat waard in klapbrêge. Net allinne de skippers moasten wat yn 't klompke dwaan, ek it ferkear oer de de dyk moast tol betelje. Oant 1937 hawwe de kasteleinskastleins dit rjocht holden. De brêge is sels neamd nei de kasteleinskastleins Steenhuisen. Letter is der in draaibrêge kommen.
 
== De tsjerken ==
=== De Herfoarmeherfoarme tsjerke ===
[[Ofbyld:Burdaard Herf. tsjerke.wiki.jpg|thumb|left| De Herfoarme tsjerke op in âlde oansichtkaart]]
De Herfoarmeherfoarme tsjerke út [[1851]] stiet wat bûten it doarp op de terp mei de pleats Grut Wytsma. It hat noch al wat drokte jûn om de tsjintwurdige tsjerke te bouwen. Burdaard/[[Jannum]] wie in earme gemeente en neffens it plan soe der in foarse tsjerke komme. De hegere tsjerklike ynstânsjes hawwe dat plan ôfkard. Burdaard is doe mei in ienfâldiger plan kommen. As foarbyld tsjinne de tsjerke fan [[Ikkerwâld]]. It Adema-oargel is makke foar de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] yn [[De Kuunder]]. Yn 1871 is it ferpleatst nei Burdaard.
 
=== De Grifformearde tsjerke ===
 
De [[Ofskieding]] hat yn [[Wânswert]] hiel sterk spile. De ôfskiedenen holden harren tsjinsten yn Wânswert oan 'e Streek. Yn 1861 kaam der in tsjerke. DizzeDy is yn [[1892]] ferfongen troch de tsjerke dy't der no stiet. Offisjeel hiet de tsjerke de Kristlik Ofskieden tjserketsjerke, letter de Grifformearde tsjerke, fan Wânswert. Under Wânswert wurdt der fierder op de skiednis fan de Ofskiedenen yn gien.
 
Der is in gearwurkingsferbân kommen tusken de grifformearden en herfoarmen. No foarmje se tegearre de ProtestanskeProtestantske Gemeente fan Burdaard.
 
=== De Nederlandse Protestanten Bond ===
De frijsinnigen yn Burdaard hawwe in skoft in ôfdieling west fan de NPB. Se kamen gear yn de boppeseal fan de herberch Het Posthuis, no kafee 't Hoekje. De herberch hat der de namme fan de Bond oan oerholden.
 
== It Ruurd Wiersma Hûs ==
Yn Burdaard wenne de molkfarder [[Ruurd Wiersma]]. Hy wie ek skilder. Mei fytslak hat er troch syn hiele hûs skilderingsskilderingen oanbrocht. Hy wurdt rekkene ta de naïve sneinsskilders. Doe't er ferstoar wie der belangstelling foar de naïve skilderkeunst. Der waard dan ek besletten om syn hûs te litten sa as Ruurd Wiersma dat efterlitten hie. It hûs is ynrjochte as museum fan it wurk fan Wiersma.
== Mienskip ==
It multyfunksjoneel Doarpshûs sit oan de Wânswerterdyk. Burdaard hat mei [[Jislum]] ien Feriening foar doarpsbelang. Basisskoalle ''De Welle'' stiet oan de Skoalstrjitte it pjutteboartersplak hjit ''Oer de Brêge''. It doarp hat in Stichting Aktiviteiten en in Oranjekommisje. De histoaryske feriening hjit Ald Burdaard. It jeugdhonk hjit The Pitch.