Siuwsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Kalm oan
Rigel 1:
{{stavering}}
[[Ofbyld:Nederlands-zeeuws.png|thumb|right|300px|Ferspriedingsgebiet]]
It '''Siuwsk''' is in Friso-Frankyske [[streektaal]]. Mei it West- en Frânsk-Flaamsk foarmet it in apart kluster súdwest-Nederlânske [[dialekt]]en. [[Jakob fan Maerlant]] ûnderskiede al in tal selsstannige 'Dietse' (streek-)talen en it Siuwsk is dêr ien fan, sa’t bliken docht út ûnder mear de prolooch fan syn ''Sinte Fransiscus Leven'':<br />
Line 18 ⟶ 17:
De dialekten fan it Land van Hulst, it eastlikste diel fan Siuwsk Flaanderen, en in tal Siuwsk-Flaamske grinsdoarpkes binne gjin Siuwske, mar east-Flaamske (dus Frankyske) dialekten.
Binnen de ferskate regiolekten hawwe de measte plakken in eigen dialekt. Mar hieltyd mear fan dy pleatslike dialekten ferflakje. Meastal binne allinnich de dialekten fan 'sletten' mienskippen noch dúdlik fan de dialekten fan omlizzende plakken te ûnderskieden (Ouddorp, Bruinisse, Yerseke, Arnemuiden, Westkapelle, Eede). Oan sprekkers is noch wol hieltyd dúdlik te hearren út hokker krite hja komme en binnen gruttere streken as Flakkee, Súd-Bevelân en Schouwen besteane regionale ferskillen. Dy ferskillen binne hast altyd east-west oriïntearre.
In apart plak binnen it Siuwsk wurdt ynnommen troch it boarger-Siuwsk fan Middelburch en Flissingen (tsjintwurdich ek East- en West-Souburg), dat tige ferskilt fan it Walcherske plattelânsdialekt dêr omhinne. De dialekten fan oare stêden en stedsjes as Zierikzee, Goes, Veere, Tholen, Oostburg, Axel en Terneuzen wike folle minder ôf fan de plattelânsdialekten dêr omhinnedêromhinne.
De neamde regiolekten litte nei it suden ta hieltyd mear Flaamske skaaimerken sjen. Is op Schouwen in 'simmer yn Seelân' noch gewoan in 'zomer in Zeêland', fan Walcheren en Súd-Bevelân ôf wurdt dat in 'zeumer'. En op it kwa wurdskat wat noardlikere Súd-Bevelân yt men 'aerebemezen' of 'aerebezems', op Walcheren binne dat 'frinzen' of 'frenzen' (fan it Frânske 'fraises').
It dialekt fan midden en westlik Siuwsk-Flaanderen liket tige op it West-Flaamsk fan 'sjuust over de grenze'. It ienige opmerklike ferskil is it ûntbrekken fan de oe-útspraak fan de Nederlânskse 'ou' yn Siuwsk-Flaanderen. En de wurdskat van Siuwsk-Flaanderen is folle mear as dy fan it West-Flaamsk oantaasteoantaast troch it Nederlânsk.
 
== Oantal sprekkers ==