Hjouwer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Haverplant Avena sativa.jpg|thumb|hjouwerplant]]
'''Hjouwer''' (''Avena sativa'') is in ienjierrige plant út de gerzefamylje (''Poaceae''). Strúshjouwer is in âlde fariëteit mei in kompakte bloeiwize. Hjouwer is in nôtsoarte dy't al sûnt 7000 foar kristus teleteeld wurdt. Hjouwer komt oarspronklik út Súdeast-Europa en Súdwest-Aazje en is ûntstien út [[oat]] (''Avena sterilis'').
 
De plant wurdt ûngefear 1,2 m heech. It 5 mm brede tonkje is tosketakkele. De plant bloeit yn juny en de bloeiwize is in plom. De ierkes besteane út twa blommen, dy't harsels bestowe. De kroantsjêfkes binne sûnder nulle of lykas by neakene hjouwer net folslein mei nullen. De fruchten binne ryp yn augustus.
 
Oant yn de Lette Midsiuwen wie hjouwer yn Nederlân op de sângrûnen in wichtich gewaaks. Yn Nederlân wurdt ûngefear 1750 hektare (2014) hjouwer yn it jier ferboud mei in opbringst fan 6100 kilo de bunder.<ref>[http://statline.cbs.nl/StatWeb/publication/?VW=T&DM=SLNL&PA=7100OOGS&LA=NL cbs.nl: Akkerbouwgewassen; produksje, nei regio]</ref> Eartiids waaard der neist de wite ek giele en swarte hjouwer ferboud.