Lina Haag: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 4:
Lina Haag, doe noch Lina Jäger, waard berne yn Schwäbisch Gmünd in [[Württemberg]]. Yn 1920 krige se kunde oan [[Alfred Haag]]. Se kamen beide út ienfâldige húshâldingen, en sletten harren oan by de jongereinbeweging fan de [[Kommunistische Partei Deutschlands|KPD]], de Dútske [[Kommunisme|kommunistyske]] partij.
 
Yn [[nazy-Dútslân]] waardtwaard se yn ferskate [[finzenis]]sen en kampen fêsthoâlden en tramtearre. De ta de dea feroardielde [[Liselotte Herrmann]] krige nei it fonnis acht pinestillers dy't se foar harsels opsparre hie. Nei't se frij litten wie waard se ferienige mei har dochter. Dêrnei gie se hast alle dagen nei it haadkertier fan de [[Schutzstaffel|SS]] om de frijlitting fan har man te bepleitsjen. Lang om let waard har in petear mei [[Heinrich Himmler]] tastien; se freget him nochris om it har man Alfred frij te litten. Himmler soarget yndie foar syn ûntslach út it [[Mauthausen (konsintraasjekamp)|konsintraasjekamp Mauthausen]]. Alfred wie dêr en yn [[Dachau (konsintraasjekamp)|Dachau]] martele. Hy waard al rillegau oproppen foar tsjinst oan it [[Eastfront (Twadde Wrâldoarloch)|eastfront]]. Harren hûs yn [[Berlyn]] wie bombardearre. Lina moast oan't wurk yn in sikehûs yn [[Garmisch-Partenkirchen (stêd)|Garmisch-Partenkirchen]]. Dêr skreau hja in brief oer har ûndefiningen oan Alfred, wylst se net wist oft se him ea noch sjen soe. Dy brief is publisearre yn it boekje ''Eine Hand voll Staub – Widerstand einer Frau 1933 bis 1945''.
 
Yn 1948 komt Alfred frij út in kriichsfinzenekamp fan it [[Reade leger]] fan de [[Sovjet-Uny]]. Oant syn dea yn 1982 libben Alfred en Lina Haag byinoar. Lina is al har libben [[pasifisme|pasifiste]] bleaun en wenne oant har dea yn München. Sy waard 105 jier âld.