Seeklaai: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
ûntstie
Rigel 2:
==Untstean==
Yn Nederlân wurdt seeklaai fûn yn [[Grinslân]], [[Fryslân]], [[Noard-Hollân]], [[Súd-Hollân]], [[Flevolân]] en op de [[Seelân|Siuwske]] en [[Súd-Hollânske Eilannen]]. De âldste seeklaai is ôfset fan it Iere-[[Holoseen]] ôf, doe't de seespegel bot omheech gie. De de kust yn west- en noard -Nederlâm bdelbydel leinenleine fan slinken trochbrutsen [[Srânwâl|strânwâlen]], mei dêrefter in ûndjippe lagune, dy't fergilikefergelike wurde kin mei de [[Waadsee]] fan distiid. Meidat de see sedimint oanfieren bleau, koe yn in tiidrek fan in bot stigende seespegel it waadmiljeu bestean bliuwe. Uteinlik waard sadwaande in tsjok pakket [[Alde blauwe seeklaai|âlde seeklaai]] foarme.
 
Doe't de strânwâlen foar it grutste part tichtsliken koe der yn it efterlân in [[fean]]laach groeie. Fan de iere [[Midsiuwen]] ôf waard it fean ûntgonnenûntgûn en ôfgroeven, mei fan gefolgen dat de leger lizzende goaën oan de kust hieltyd gefoeliger foar de ynbrekkende see waarden. Fia slinken en prielen waard klaai op fean dellein, [[Jonge seeklaai|jonge seeklaai]].<br>
Faak binne de troch de see oerstreamde gebieten letter wer bepoldere.
 
== Kwelders en bewenning ==
De heger opslike plakken bleaune by floed faak drûch; op dy plakken ûnstieûntstie begroeing en ûntstienen [[kwelder]]s, dy't letter troch minsken bewenne rekken. Bewenning fan de seeklaaigebieten yn Noard-Nederlân wie earst lytsskalich en faaks allinne yn de simmer. Fan de [[7e iuw f.Kr.]] ôf wurdt de bewenning yntinsiver. Der wurde [[terp]]en yn de kwelders opsmiten, fral in Fryslân, Grinslân (wierden) en [[Noard-Dútslân]] (Warften); fan de [[10e iuw]] nei Kristus ôf oan, waarden de earste [[Primêre wetterkearing|seediken]] oanlein.
 
== Eigenskippen ==
Seeklaai hat meastal een blauwgrize kleur, rivierklaai is brún. Seeklaai befettet safolle organyske stof net as rivierklaai, mar hat wol mear [[kalk]], dat fan skulpdieren komt.