Sirksena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+famyljewapen
LNo edit summary
 
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
De Sirksena's wienen ynearsten ien fan de protte [[haadling]]slagen yn [[East-Fryslân]]. Likegoed as yn de Grinslanner [[ Ommelannen]] en [[Westerlauwersk Fryslân]] kende East-Fryslân yn de [[Midsiuwen]] gjin [[lânhear]] mei genôch gesach. It ûntbrekken fan in effektyf bewâld yn dizze omkriten stiet ek bekend as de [[Fryske frijheid]]. Sûnder inkele foarm fan sintraal gesach koe bestjoer allinnich mar op beheind lokaal nivo plak fineplakfine. Dêrby hienen yn earste ynstânsje alle frije [[Agrariër|boeren]] part yn it bestjoer, mar yn de rin fan de tiid wisten de rikere lagen in hieltyd grutter oandiel te ferkrijen. Geslachten dy't yn in hiel doarp it foar it sizzen hienenhiene, waarden letter oantsjutte as [[haadling]]. Oars as de tradisjonele [[feodalisme|feodale]] hear tanket de haadling syn posysje dus net troch in beneaming fan hegerop, mar oan syn eigen lokale machtsbasis.
 
Foar sommige haadlingen hâlde de hoarizon net op by de grinzen fan it doarp. Troch [[houlik]] en machtsfertoan koe in gruttere machtsbasis berikt wurde. It earste laach dat oanspraak meitsje koe op allinnich-hearskippij yn hiel East-Fryslân wie it geslacht [[Tom Brok]]. Lykwols rûnen de aspiraasjes fan dizze famylje stikken op it ferset fan [[Fokko Ukena]], in oare haadling dy't sels ek oer besittings yn East-Fryslân beskikte en stipe koe op steun yn de Ommelannen. Ukena op syn beurt rûn fêst op in ferbûn fan haadlingen ûnder leidinglieding fan [[Ulrich I|Ulrich Sirksena]]. Sirksena waard ferfolgens troch de stêd [[Hamburch]] it bestjoer fan de stêd [[Emden]] jûn, in stêd dy't oant dan, [[1439]] feitlik in Hamburchs protektoraat wie. De famylje Sirksena soe Emden oant 1595 behearske.
 
It oarspronklike geslacht Sirksena, ôfkomstich út [[Berum]] wie doe yn de manlike linyline al útstoarn. Edzard wie troud mei in dochter út dat laach, ek de twadde frou fan syn heit wie in dochter út it oarspronklike laach. Sawol Edzard as syn healbroer [[Ulrik Sirksena|Ulrich]] nommen de namme Sirksena oan. Nei it bernleas ferstoarn fan Edzard erft Ulrich alle famyljebesittings, dy't hy troch twa geunstige houliken noch fierder witwist út te wreidzjen. Ulrich wurdt yn [[1464]] troch [[Frederik III fan it Hillige Roomske Ryk|keizer Frederik III]] yn de grevestân ferheft.
 
It wichtichste lid út it hûs Sirksena is [[Edzard I fan East-Fryslân|Edzard de Grutte]] (1462–1528). Under syn bewâld krige it greefskip syn grutste omfang. Edzard wist sels tydlik de Ommelannen en de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] te behearsken; hy stribbe nei hearskippij oer alle Fryslannen, mar rûn lang om let stikken op de posysje fan ynearsten de [[George fan Saksen|hartoch fan Saksen]] en letter [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|keizer Karel V]] sels, dy't as hear fan alle Nederlannen gjin partij foar Edzard wie.
 
Yn 1654 wurdt regearjend Sirksena [[Enno Loadewyk fan East-Fryslân|Enno Loadewyk]] troch de keizer yn de foarstenstân ferheft. De lêste manlike neisiet fan Ulrich I, [[Karel Edzard fan East-Fryslân|Karel Edzard]] stoar yn de nacht fan 25 op 26 maaie [[1744]]. It greefskip wurdt ferfolgens yn besit naam troch [[Freark II fan Prusen|Freark de Grutte]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958), ''Cirksena''.
* [http://82.168.69.203/nazatendevries/Genealogie/Beroemde%20familieleden/Ulrich%20I%20Cirksena/De%20Cirksena%27s.html De Cirksenas yn East-Fryslân]
}}