Nij-Meksiko: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 118:
De [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]] foarmje yn Nij-Meksiko de grutste [[befolking]]sgroep, mar net de mearderheid fan 'e befolking. Wol is harren persintaazje fan 'e befolking fan Nij-Meksiko (46,3%) it heechste fan alle [[Amerikaanske steaten]]. It meastepart fan harren (83%) is lânseigen yn 'e steat; d.w.s. dat harren [[foarâlden]] der al wennen doe't Nij-Meksiko yn [[1848]] by de [[Feriene Steaten]] kaam te hearren. De mearderheid fan 'e Nijmeksikaanske Latino's beweart [[ôfstamming|ôf te stamjen]] fan 'e oarspronklike [[Spanje|Spaanske]] kolonisten dy't har yn 'e [[16e iuw|sechstjinde]], [[17e iuw|santjinde]] en [[achttjinde iuw]] yn 'e krite nei wenjen setten. Dizze saneamde [[Hispano's fan Nij-Meksiko]] libje tsjintwurdich benammen yn it noardlike part fan 'e steat. Latino's yn súdlik Nij-Meksiko binne faker resinte [[ymmigrant]]en út [[Meksiko]] (16,3%) en [[Midden-Amearika]] wei.
 
De Yndianen fan Nij-Meksiko binne benammen [[Navaho (folk)|Navaho]], [[Apachen]] en [[Pûeblo-Yndianen]]. Nij-Meksiko hat ien fan 'e grutste [[Yndianen|Yndiaanske]] befolkings fan alle [[Amerikaanske steaten]]. Yn absolutenabsolute termen wenje allinnich yn [[Kalifornje]], [[Oklahoma]] en [[Arizona]] mear Yndianen as yn Nij-Meksiko, en prosintueel meitsje Yndianen yn Nij-Meksiko nei [[Alaska]] it grutsegrutste oanpartpart ynfan 'ede befolking út fan alle Amerikaanske steaten. Fan gefolgen is sawol de ynfloed fan 'e Latino's as dy fan 'e Yndianen sichtber yn 'e [[flagge]] fan Nij-Meksiko, dy't mei [[read]] en [[giel]] de [[tradysje|tradisjonele]] [[Spanje|Spaanske]] [[kleur]]en hat, mei as sintraal [[symboal]] it [[sinne]]-embleem fan 'e [[Zia Pûeblo]].
[[File:Albuquerque Downtown South.png|right|thumb|250px|[[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]], de grutste [[stêd]] fan Nij-Meksiko.]]