Herfoarme tsjerke (Twizelerheide): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 37:
== Bouskiednis ==
[[File:Twizelerheide, Herfoarme tsjerke, gevelstien.jpg|thumb|left|250px|''Gevelstien'']]
De [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke]] stelde yn 1877 Hein Klazes Zijlstra oan as evangelist yn Twizelerheide. Hy wist gâns folk te lûken en in jier letter lei er de earste stien foar in echte tsjerke. Foar dy tiid holden de evangelisten de tsjinsten yn in ienfâldich mei reitreid dekt tsjerkje yn Hiltsjemuoiswâlden.
 
Ut ûnfrede mei de frijsinnigens yn de Tsjerke stifte Zijlstra wat letter de Frije Grifformearde gemeente, dy't mei de [[doleânsje]] oansluting socht by de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke. Hy krige lykwols lang net al it tsjerkefolk mei en de tsjerke bleau yn hannen fan de herfoarmen. Zijlstra soe yn 1911 ek de earste stien lizze foar de [[Grifformearde tserke (Twizelerheide)|grifformearde tsjerke]] fan it doarp.
lizze foar de [[Grifformearde tserke (Twizelerheide)|grifformearde tsjerke]] fan it doarp.
 
De [[sealtsjerke]] waard letter fergrutte mei in [[skip (tsjerke)|dwersskip]] oan de eastlike kant, dat de tsjerke hat tsjintwurdich in T-foarmich grûnplan. Yn 1968 fûn in modernisaasje fan it gebou plak en njonken de tsjerke feriisde yn de jierren 1970 "De Mienskip".<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=15868 Frysk Deiblêd, 08.12.2003]</ref>