Nije Maas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tige
L →‎Skiednis: jiertal
 
Rigel 10:
Yn de [[Midsiuwen]] waard de rivier sjoen as de ûnderrin fan de [[Merwede]], en waard de Nije Maas, tegearre mei de rivier de [[Noard (rivier)|Noard]], troch de pleatslike befolking ''Merwe'' neamd. De rivier foarme tegearre mei de Maas in brede mûning, dy't yn de [[Romeinske tiid]] ''Helinium'' neamd waard. Yn de Midsiuwen feroare de rin fan de Maas gauris. It gefolch wie dat de rin fan de Maas troch it hjoeddeiske [[Botlek]]gebiet, by [[Brylle]] lâns nei de Noardsee gie. Stêden lykas [[Flaardingen]], [[Skiedam]] en [[Rotterdam]] ferlearen dêrtroch harren ferbining mei de Noardsee.
 
Boppedat feroare de Merwede syn rin ek. Nei de [[Sint-Elisabetsfloed (1421)|Sint-Elisabetsfloed]] fan 1421 waard it grutste part fan it wetter fan de Merwede, dat troch de Ryn oer de [[Waal]] oanfierd waard, en ek troch it wetter fan de Maas, tusken [[Doardt]] en [[Werkendam]] yn súdwestlike rjochting laat waard troch de [[Biisbosk]] hinne de see yn.
 
It gefolch wie, dat de Maasmûning hieltyd mear fersâne. Dêrom waard yn [[1830]] it [[Kanaal troch Foarne]] groeven. It fersânjen fan de mûning fan de Scheur en de Nije Maas, en om't de Kanaal troch Foarne net al te wiid wie, makke it berikken fan de havenstêden hieltyd dreger. Dêrom waard tusken [[1866]] en [[1872]] de [[Nije Wetterwei]] groeven. De oarspronklike mûning fan de (Alde en Nije) Maas, dat dêre ek wol Brylske Maas (''Brielse Maas'') neamd waard, waard yn [[1950]] by [[Eastfoarne]] ôfdamme. De eardere rin is noch werom te sjen oan de Botlek en de Brylske en Eastfoarnske Mar.