Makkumer Mar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
infobox
red
 
Rigel 15:
De '''Makkumer Mar''' of '''Kâlde Mar''' wie in [[mar]] oan de eastkant fan [[Makkum]]. De mar waard drûchmakke tusken 1876-1879, tagelyk mei de [[Parregeaster Mar]] en de [[Warkumer Mar]]ren dy't súdliker leinen. By Keninklik Beslút 1874 krige L.C. Ledeboer fan Makkum de konsesje ta drûchmeitsjen. Yn 1967 Fryske Lânoanwinningsmaatskippij.
 
Ien fan de betingsten wie it 'graven' fan in skipfeartkanaal (sjoch [[Van Panhuyskanaal]]) dwers troch de mar tusken de [[Grutte Sylroede]] en Kakeshoek. De sa ûntstiene Noarder- en Sudermarpolders binne mei in grûndûker mei elkoar ferbûn. Yn 1876 naam de steat de trije marren oer. It drûchmeitsjen barde ûnder stoom. It gemaal yn de noardwesthoeke Sudermarpolder fan [[1881]] is yn [[1926]] elektrifisearre en bemealt [[Makkumer Marpolder|Makkumer-]] en [[Parregeaster Marpolder]]s. Nei beslút ta likwidaasje Lânoanwinningsmaatskippij waarden de margrûnen 1882/1883 ferkocht oan F.A. van Hall yn Utert. DizzeDy stifte pleatsen, eksploitearre de grûnen ±sa'n 30 jier en ferkocht doe syn eigendommen yn de marpolders by gedieltes. De oerflakte fan de Makkumer Marpolder is ± 260 ha., en de leechste terreinhichte -2,2 m. NAP.
 
Der hawwe plannen west om de polder, dy't as lânbougebiet brûkt wurdt, wer ûnder wetter te setten fanwege it toerisme, mar dizzedy plannen binne en wurde net útfierd.
 
== Sjoch ek ==