Koepeltsjerke (Ljouwert): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 37:
De Koepeltsjerke waard as grifformearde tsjerke yn [[1923]] boud neffens in ûntwerp fan de arsjitekt [[Tjeerd Kuipers]], dy't him beynfloedzje liet troch de betingsten dy't [[Abraham Kuyper]] oer it ideale tsjerkegebou publisearre hie. It wie ynearsten it doel om de tsjerke mei in hast katedrale alluere te ferneamen nei keninginne [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Wilhelmina]], sa't dat ek barde mei Tjeerd Kuipers' Wilhelminatsjerke fan [[Doardt]], mar om't de namme Koepeltsjerke al gau ynboargere rekke, is dêr neat mear fan telâne kommen. Noch gjin tsjien jier letter diene de grifformearden Ljouwert op'e nij fersteld stean mei de bou fan in noch opmerkliker tsjerke: de [[Pelikaantsjerke]].
[[File:Interieur, orgel - Leeuwarden - 20333700 - RCE.jpg|thumb|250px|left|Ynterieur]]
Yn 1977 waard it oarspronglike oargel fan Valckx & Van Kouteren ferfongen troch in oargel fan Jos Vermeulen. It Vermeulen-oargel waard yn 1935 boud foar de yn 1975 ôfbrutsen [[Neogotyk|neogotyske]] Hillich-Herttsjerke fan [[Tilburch]]. It instrumint hadhat 49 registers ferdield oer trije manualen en pedaal en is it grutste tsjerke-oargel fan Fryslân.
 
Nei de foarming fan de [[Protestanske Tsjerke yn Nederlân]] ûntstie in lange striid foar it behâld fan it grifformearde erfguod yn de stêd. Alle grifformearde tsjerken waarden oerstallich ferklearre en ek de monumintale Koepeltsjerke waard ôfstjitten. <ref>[https://gereformeerdekerken.info/2015/10/01/de-leeuwarder-kerksluitingskwestie-2008-2015/ gereformeerdekerken.info, 01.10.2015] </ref>. De Algemiene Tsjerkeried fan Ljouwert joech op 11 maart 2015 tastimming foar de ferkeap oan in belizzer út [[Snits]]. Op 4 maaie 2014 waard yn de Koepeltsjerke de lêste tsjerketsjinst holden.<ref>[https://www.rd.nl/kerk-religie/leeuwarder-koepelkerk-wordt-cultureel-centrum-1.437727 Reformatorisch Dagblad]</ref> De nije eigner hat mei behâld fan de arsjitektuer en ynrjochting fan de Koepeltsjerke in kultureel sintrum makke.<ref>[http://www.koepeltheater.nl/over-ons/geschiedenis/ koepeltheater.nl]</ref>