Durk III: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
Rigel 6:
Doe't syn heit [[Arnulf fan Hollân|Arnulf]] yn [[993]] ferstoar wie [[Durk III fan Hollân|Durk III]] noch te jong om it bestjoer op him te nimmen. Dêrom waard syn mem [[Liudgarde fan Lúksemboarch]] [[regintesse]]. Yn [[1005]] wie Diederik âld genôch om it greefskip selsstannich bestjoeren te kinnen. Hy makke wol tankber gebrûk fan syn mem har konneksjes. Dy rop nammentlik de help yn fan har sweager, de Dútske keizer [[Hindrik II fan Dûtslân]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]], om in [[Fryslân|Fryske]] opstân te ûnderdrukken. De keizer kaam fan [[Utert (stêd)|Utert]] by skip mei in leger nei Fryslân ta en soarge derfoar dat de opstannelingen ferslein waarden.
 
== Konflikt metmei de keizer ==
In part fan it gebiet dêr't Durk it gesach oer hie, waard troch de [[biskop]]pen fan Utert, [[Trier]] en [[Keulen]] bestriden. Der stie in boarch yn [[Flaardingen]], wierskynlik op de plak dêr't no de Grutte tsjerke stiet. Fan dy boarch út twong hy keaplju dy’t mei harren skip lâns fearen, ûnderweis fan [[Tiel]] nei [[Ingelân]] en werom, om tol te beteljen. Dy keaplju en ek de biskop fan Utert [[biskop Adelbold|Adelbold]] makken beswier en frege de Dútske keizer om help. De keizer joech syn neef yn [[1018]] de opdracht om de festing ôf te brekken. Mar yn stee deroan gefolch te jaan, luts hy himsels werom op de boarch. De keizer stjoerde dêrop in leger op him ôf. Dat leger stie ûnder lieding fan hartoch [[Godfried fan Verdun]] en it bestie út in float mei soldaten út Utert, Keulen en it bisdom [[Luik (stêd)|Luik]].