Hegemer Mar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Riss-iistiid wurdt fan sprutsen yn de Alpen en omkriten yn deselde tiid
L st
Rigel 3:
It [[Johan Frisokanaal]] komt oan de noardeast ein troch de [[Jeltesleat]] yn de mar, en rint troch in soal nei it súdwesten, dêr't tusken [[Langeherne]] en [[Leiepôle]] de mar oergiet yn de [[Fluezen]]. Oan de eastkant jouwe de [[Wâldseinster Rakken]] ferbining mei [[Wâldsein]], en fia de [[Ie (Wâldsein)|Ie]] mei de [[Sleattemer Mar]].
 
Njonken Heech leit oan de súdeastkant ek [[Yndyk (Súdwest Fryslân)|Yndyk]] oan de mar. Yn de mar, besúdenbesuden Heech, leit it eilân de [[Rakkepôle]].
 
Nei alle gedachten binne de Hegemer Mar, de Fluezen en [[De Moarre]] in [[gletsjer]]delling foarme yn de [[Saale-iistiid]]. Dat it is net sa dat de lizzing yn de rjochting fan de súdwestewyn wiist op troch de weagen foarme marren. Dy rjochting betsjut al dat de Hegemer Mar by min waar mei weagen dy't fan de Fluezen weikomme gefaarlik wetter wêze kin. By goed waar is de mar lykwols in goed plak foar [[wettersport]].