Haskerhoarne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L fl
Rigel 14:
'''Haskerhoarne''' ( ek wol '' De Hoarne'' ) is in doarp yn de gemeente [[Skarsterlân]], súdeast fan [[De Jouwer]]. Oant de [[gemeentlike weryndieling]] op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerhoarne by de gemeente [[Haskerlân]]. It doarp hat likernôch 490 ynwenners (2004).
 
De namme soe ferwize nei nei de hoeke, dat is 'horne'/'herne', fan [[Haskerlân]] It doarp lei yn de [[Midsiuwen]] yn de [[gritenij]] [[Hasker Fiifgea]]. De gritenij Hasker Fiifgea ûntstie yn de [[15e iuw]] as in gearwurkingsferbân tusken de fiif tsjerkedoarpen [[Aldehaske]], Haskerhoarne, [[Nijehaske]], [[Westermar]] en [[Sniksweach]].
 
Eartiids waard ek turf stutsen yn de omkriten. Troch it doarp ried eartiids de tram fan It Hearrenfean nei De Jouwer. Der binne gjin winkels mear yn it doarp; minsken geane meast te boadskipjen nei it tichtby lizzende [[De Jouwer]].