Einekoai: ferskil tusken ferzjes

L
fl
(+ filmke)
L (fl)
De einekoai bestiet út in grutte [[fiver]] wêr’t inkele smelle sleatten op útkomme, de saneamde [[fangpiip|fangpipen]]. Einen dy’t út in kâlder wurdende kontreien weilutsen binne om yn in waarmer gebiet te oerwinterjen sykje faak plakken út wêr’t se bekomme kinne fan de reis. Om oerfleanende einen te lokjen, hat de [[koaiker]], de behearder fan de koai, op de koaiplasse in grut tal nuete einen dy’t er alle dagen fuorret. Sy binne wend oan de koaiker en it koaikershûntsje.
 
As it jachtseizoen iepen is lit de koaiker syn koaikershûntsje lâns de piip rinne om de rêstende frjemde einen te lokjen. De piip hat oan beide kanten [[reid]]skermen sadat de einen de koaiker net sjogge. It hûntsje lit er foar en efter de skermen lâns rinne. De einen, nijsgjirrich wurden troch it it weikrûpgedrach fan it [[koaikerhûntsje]] mei syn opfallende grutte wite [[sturt|plomsturt]], dy’t hieltiten wer ferdwynt en in eintsje fierder foar it ljocht komt, swimme efter it hûntsje oan de hieltyd nauwer wurdende piip yn. Dan komt de koaiker efter de skermen wei en jaget de einen op. De einen fleane dan fierder de piip yn it ljocht temjitte. De koaibosk om de koaiplasse wurdt nammentlik oan de ein fan de piip iepenhâlden. De einen fleane úteinlik tsjin de saneamde spegel, in skean spand net oan de ein fan de fangpiip. Se falle dan nei ûnderen en krûpe dan nei de ienige skynbere útwei fan de piip, it fanghokje. De koaiker lit it fanghokje tichtfalle sadat de einen finzen sitte en net mear werom kinne.
 
Tsjintwurdich wurde der net folle einen foar konsumpsje fong. It oantal einen dat jierliks sketten wurdt is folle grutter. Yn Fryslân binne der noch mar 15 wurkjende einekoaien, yn Nederlân binne noch sa’n 119 einekoaien registrearre. Se binne op kaarten te herkennen oan it typyske roggeaaimodel yn de foarm fan de letter H. De einekoai fan [[Feanwâlden]] is yn [[2006]] wer yn eare hersteld. De âlde koai oan de Jehanneswâld wie fertutearze troch omhingjende jeugd en dumpôffal. Op inisjatyf fan doarpsbelang Feanwâlden hat de gemeente [[Dantumadiel]] de einekoai opknappe litten.
12.645

bewurkings