Aleksander II fan Ruslân: ferskil tusken ferzjes

L
fl
L (fl)
Tsaar Nikolaj I stoar [[2 maart]] [[1855]] sadat Aleksander de nije Tsaar fan Ruslân en gruthartoch fan Finlân waard. It earste jier fan syn regear hie er it drok mei [[Krimoarloch]] dy't syn heit mei úteinset wie. Dy kriich einige yn [[1856]] mei de [[Frede fan Parys (1856)|Frede fan Parys]], wat betsjutte dat Ruslân de ferliezer wie. Hy kaam in protte minsken dy't herfoarmings woenen yn de mjitte: hy joech yn [[1856]] oan de [[Desimbristenopstân|desimbristen]] en skafte yn 1861 de [[liifeigenskip]] fan de boeren ôf en waard sadwaande yn Ruslân ferneamd as de "befrijder fan Ruslân". Dat die er lykwols fral út ekonomyske motiven. Aleksander woe nammentlik in grutte klasse fan ûnôfhinklike en selsstannige boeren skeppe en dêrnjonken in groep lju dy't ynstean koenen foar it yndustriële ferlet dat Ruslân hie. Teffens fierde er in beskieden selsbestjoer foar gemeenten en goaën yn, de [[zemstvo]]'s. Dy waarden lykwols allinne talitten yn de sintrale dielen fan it lân meidat Alexander benaud wie dat hja separatistyske ideeën yn de grinskriten fersterkje soenen. Fierders ferbettere er de rjochtspraak, matige de parsesensuer en ferkoarte yn [[1859]] de [[tsjinstplicht]] yn it leger fan 25 nei 15 jier.
 
Hy sette feroarings troch yn it [[ûnderwiis]]. Tanksy him waarden yn de jierren sechtich fan de 19e iuw nije universiteiten oprjochte. Nettsjinsteande syn herfoarmingen yn it ûnderwiis bleau it [[analfabetisme]] yn Ruslân relatyf sjoen heech (sa. 80%). Tusken [[1867]] en [[1869]] fierde hy tsjerklike herfoarmingen troch. De oplieding fan de geastliken waard ferbettere en it tal prysters waard werombrocht. De ''tsaar-befrijder'' makke in ein oan it hanneljen nei eigen goedachtsjen fan fan de [[burokrasy]] en de polysje. Sa feroare Ruslân stadichoan fan in plysjesteat yn in [[rjochtssteat]] neffens Europeesk model.
 
Nei de twadde Poalske opstân yn [[1863]], dy't hy hurdhandich delslagge, waar syn polityk behâldender. Under syn bewâld hat Ruslân in grutte gebiedsútwreiding trochmakke, benammen yn Aazje. De tsaar betwong de opstannige stammen op 'e [[Kaukasus]]. Syn belied wie wie út en troch tsjinstridich, sadat de konservativen him te liberaal fûn, wylst de liberalen him wer te konservatyf fûn. De tanimmende oanslaggen fan de [[nihilisme (politike streaming)|nihilisten]] beantwurde Aleksander mei hurde plysjemaatregels. Teffens liet er lykwols in soarte fan konstitúsje mei fertsjintwurdiging fan de zemstvo's by it regear ûntwerpe. Deis nei't er dat plan goedkart hie, waard er nei seis earder mislearre oanslaggen it slachtoffer fan in bomoanslach troch de revolúsjonêre [[Narodnaja Volja]]. Hy rekker swier ferwûne en stoar nei in kertier. Hy waard opfolge troch syn soan, de konservativere [[Aleksander III fan Ruslân|Aleksander III]], dy't by it ferstjerren fan Aleksander II wie. Dy [[moard]] hie fan gefolgen dat de nije tsaar it plan foar de nije konstitúsje ferskuorde.
12.645

bewurkings