Kolderwâlde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
gw
L fl
Rigel 12:
}}
'''Kolderwâlde''' is in doarp yn de gemeente [[De Fryske Marren]], súdeast fan [[de Oarden]]. It is it lytste doarp yn de gemeente, mei likernôch 70 ynwenners (2004).
Der stean yn Kolderwâlde mar in pear pleatsen inen in hiele âlde doarpskroech. Kolderwâlde is ien fan de fjouwer doarpen fan de streek Noardwâlde, dêr’t de oarspronklike gritenijnamme Hemelumer Olderphaert en Noordwolde op wiisde. De hiele streek is yn 1984 by [[Gaasterlân-Sleat]] yndield. De namme kin ferklearre wurde as it Koudumer wolde, lyk as de buert Kolderwiske noardlik fan dit doarp lei.
 
It tinbefolke streekdoarp leit yn it suden fan in leechlizzend gebiet. Ea wie it hjir in boskeftich gebiet. Troch de [[feanterij]] tusken 1830 en 1860 lizze stikken lân bytiden in meter leger as de omlizzende stikken. De polders fan no jouwe in rom útsjoch. Nei‘t it lân yn [[1835]] bedike wie, koe der turf wûn wurde yn de Grutte Noardwâlder Feanpolder. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff is de sjen dat de ferfeaningen al folop oan ‘e gong binne. Op deselde kaart stiet oan it súdwestlike begjin fan de streek it eardere tsjerkhôf fan Kolderwâlde yntekene. Dêr hat oant yn it begjin fan de 19e iuw in tsjerke sûnder toer stien. No is op dat plak allinne in boskje kaphout te finen.