It Neifolgjen fan Kristus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 33:
Yn it twadde diel, ''Rjochtlinen foar in Ynderlik Libben'', bordueret Tomas fierder op 'e tema's fan it earste diel. Hy jout ynstruksjes oangeande ynderlike frede, suverens fan it hert, in oprjocht gewisse, it bedimjen fan jins langstmen en winsken, it dwaan fan geduld en it ûnderwerpen fan jins wil oan [[God]]. Hy wol hawwe dat God dyjingen ferdigenje sil dy't in skjin gewisse hawwe, en dat wa't God helpt nimmen kweadwaan kin. Men moat it goede net oan jinsels taskriuwe, mar ynstee oan God, en men moat tankber wêze foar alles dat God jin jout. Hy beëiniget dit diel mei te sizzen dat as men jins krús willich draacht, it jin liede sil dêr't jin hinne wolle, mar dat as jin it mei tsjinnichheid drage, it in swierdere lêst wurde sil as dat men ferneare kin.
 
It trêde diel, ''Oer Ynderlike Treast'', is it langste fan 'e fjouwer. It hat, oars as de earste beide dielen, de foarm fan in in dialooch tusken [[Jezus Kristus]] en ien fan dy syn dissipels. Dêrby leart Jezus syn dissipel dat de rop fan it fleis gauris lûder is dy fan 'e spiritualiteit, mar dat de grutte kloften lju dy't nei dy rop harkje, op in dwaalspoar sitte. Men moat jin oerjaan oan 'e godlike wil en jinsels en jins eigen wil safolle mooglik fuortsiferje. Men hoecht net yn te sitten oer de takomst; want as men yn 'e grutste noed ferkeart, krekt dan is God jin it neist.
 
It fjirde diel, ''Oer it Hillich Sakramint'', hat krektlyk de foarm fan in dialooch tusken Jezus en in dissipel. Tomas fan Kempen leit hjir Jezus de wurden yn 'e mûle dat troch de fiering fan it [[hillich jûnsmiel]] de krêft fan 'e minsklike siel fuortsterke wurdt. Wat gauwer oft men jin folslein oan God oerjout en net mear lykfolwat út eigen wil of geniet siket, wat gauwer oft men mei God feriene wêze en frede kenne sil.