Betje Wolff: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Keppeling om utens: Siuwsk persoan is genôch
L fl
Rigel 10:
Se troude op [[18 novimber]] [[1759]] mei de 52-jierrige predikant en widner Adriaan Wolff. Sy hiene earst in briefwikseling hân. Yn 1763 debutearre sy mei de moraal-filosofyske dichtbondel ''Bespiegelingen over het genoegen''. Yn 1777, nei de dea fan har man, wenne Wolff tegearre mei de [[Menisten|meniste]] [[Aagje Deken]] en publisearren se ek tegearre. Harren grutste súkses wiene de [[briefroman]]s ''De Historie van mejuffrouw Sara Burgerhart'' (1782) en ''Historie van den heer Willem Leevend'' (1784-1785). Yn 1778 ferhuzen Wolff en Deken nei [[De Rijp]] en yn 1782 setten sy harren ta wenjen yn [[Beverwyk]].
 
Yn ferbân mei harren [[patriotten|patriottyske]] sympatyënsympatyen ferhuzen Wolff en Deken yn 1788 nei [[Trévoux]] by [[Lyon]] yn it departemint Ain (regio Rhône-Alpes). Yn 1789 ferskynde ''Wandelingen door Bourgogne''. Tusken 1793 en 1796 skreaune se oan ''Historie van Mejuffrouw Cornelia Wildschut, of De gevolgen van de opvoeding'', in roman yn 6 dielen. Troch jildlike krapte moasten se yn 1797 werom nei Hollân; sy wennen doe yn De Haach. Wolff stoar yn De Haach; in pear dagen letter ferstoar Deken ek. Beide froulju binne te hôf kaam op ''Ter Navolging'' yn [[Skeveningen]].
 
== Bibliografy ==