Hampshire: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L st
Rigel 6:
== Geografy ==
[[Ofbyld:050103 2300 hants bh.jpg|thumb|225px|''Rivier de Beaulieu'']]
Hampshire is geologysk yn twaëntwaen te dielen. it kustgebiet yn it suden bestiet foar it measte part út net-[[eroazje|erodearre]] [[eoseen]] en [[oligoseen]] [[klaai]] en [[grind]], dy't troch it [[Eilân Purbeck]], it [[Eilân Wight]] en [[Dorset]] foar eroazje troch seewetter bewarre bliuwe. Dizze leechlizzende gebieten binne in gaadlik plak foar [[heide (fegetaasje)|heidelânskip]] en [[bosk]]en. It boskige súd-westen fan Hampshire is as [[nasjonaal park]] ''[[New Forest]]'' in beskerme gebiet, dêr't it getijderivierke [[Beaulieu (rivier)|Beaulieu]] streamt.
 
It noarden en de sintrale dielen fan it greefskip besteane út de [[kalkstien]]formaasje fan de [[Salisbury Plain]] en de [[South Downs]]. De lêsten binne relatyf hege [[heuvel|hichten]] dy't de grins foarmje tuslen it kalkstienplato en de klaaigrûn. De [[Pilot Hill]] is mei 286 meter it heechste punt fan Hampshire. It grutste part fan it greefskip is ûngeskikt foar it [[lânbou|bouwen]] fan gewaaks, mar de tanimmende fraach nei fiedsel oan it begjin fan de [[20e iuw]] hat der ta laat dat de [[primêre sektor|agrikulturele sektor]] groeide. It easten fan Hampshire is no beskerme tsjin fierdere skea troch yntensive lânbou, sûnt it oanwiisd is as ''Area of Outstanding Natural Beauty''.