Henri Matisse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Jonge libben: ---> jonkheid
st; kepp
Rigel 7:
 
== It skilderjen ==
Matisse begjint printen te kopiearen en op oanrieden fan de tapytfabryksdirekteur dêr't hy syn sikehûskeamer mei dield, naam hy lessen oan in skoalle foar tekstylûntwerpers yn Saint-Quentin. Yn 1892 gie hy nei Parys wêr't hy nei in akademy gie, de akademy Julian. Jûns skildert hy yn it [[Louvre]] skilderijen nei fan de âlde masters lykas [[RaphaelRafael (keunstner)|Rafael]], [[Chardi]] en [[Poussin]]. Ek probearret hy talitten te wurden op de École de Beaux-Arts. Mar dit gie mis, neffens de skoalle hie hy in gebrek oan talint. Wol mocht hy yn it atelier fan Gustave Moreau yn Parys wurkje. Dêr moete hy ûnder oaren Marquet en Renault. Troch kennis te meitsje mei de skilder en samler [[John Russel]] leart hy it wurk fan de ympresjonisten en it neo-ympresjonisme. Yn it begjin fertoane syn skilderijen donkere kleuren. Mar syn doeken kleurje hieltyd better. Dit neidat hy it wurk fan [[Vincent van Gogh]] en [[Cammile Pissarro]] sjoen hat. Hy komt ek yn de kunde mei [[Georges Roualt]], [[Charles Comoin]], [[Henri Manguin]] en mei de [[Belgje|Belch]] [[Henri Evenpoel]]. Dizze lêste soe tegearre mei Matisse in grut oanhinger wurde fan it Fauvisme.
 
Yn [[1896]] debutearre Henri Matisse op de salon de la Société Nationale des Beaux-Arts. Fan de fjouwer wurken wurde der twa ferkocht. Matisse wurdt ek lid fan de Salon. Hjirtroch kin hy yn de takomst eksposearje sûnder tuskenkomst fan in sjuery dy’t syn skilderijen ôfkarre kinne.