Sint Vitus fan Aldehou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
Rigel 2:
 
== De parochjegrinzen ==
Safier as nei te gean is, leinen de parochjegrinzen tusken wat no it fan Harinxmakanaal is, dan gie dy by nei te noarden by Miedum en [[Wyns]] lâns nei de [[Hijumer Feart]], dêrnei gie er wer nei it suden lâns de eastlike kant fan de [[Middelsee]]. Al de minsken dy’t wennen yn gebiet moasten nei Aldehou om nei tsjerke te gean. Foar dy tiid wienen dit tige grutte ôfstannen. Der waarden dan ek ienfâldige kapellen boutboud. Yn sa’n kapel mocht allinne de mis opdroegen wurde. Begrave en dope moast yn Aldehou barre. Yn eardere tiden mocht der yn it plak sels begroeven wurde. Der kamen klachten oer. Foaral yn ‘e winter wie Aldehou net te berikken, dat der kamen tsjerken yn it bûtengebiet. De earste is [[Stiens]] west. Ek dêr kaam in St. Vitustsjerke. Under dy tsjerke foelen Stiens, [[Feinsum]], [[Hijum]], [[Britsum]] en [[Wyns (Tytsjerksteradiel)|Wyns]]. Letter kaam hjir noch by dat as in plak doarpsrjochten hawwe woe, it in tsjerke hawwe moast moast. Sa krige Stiens dochtertsjerken yn Ljouwerteradiel.
 
== De ynfloed fan Corvey waard minder ==