Atanarik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 6:
 
== Kriich mei Rome ==
Atanarik wurdt yn de skiednis foar it earst neamd yn [[365]]. Dat jier docht syn folk, de Fisigoaten, in ynfal yn it Romeinske Ryk besuden fan de Donau-grins. Legeroanfierder [[Prokopius]] waard der troch keizer [[Flavius Iulius Valens|Falens]] op útstjoerd om de Goaten fuort te jeien. Lykwols lit Prokopius him ta keizer útroppe en slút er in ferdrach mei de Goaten. Atanarik wie yn dy tiid wurdfierder fan de Goatyske lieders. Hy stjoerd goed 3.000 Goaten foar stipe nei Prokopius ta, mar at dy yn [[Konstantinopel]] arrivearje, docht bliken dat de usurpator al troch de Romeinen terjochtsteld wie. De Goaten stypje in oare usurpator [[Marsellus (usurpator)|Marsellus]] dy't him ta (tsjin)keizer útroppe lit, mar at dy ek stjert of ôftrêde moat lûke de Goaten harren tebek. Troch de troepen fan Falens wurde sy ynhelle en yn ferskate Trasyske stedenstêden finzen set. Atanarik easket harren frijheid, mar dat bart net.
 
Keizer Falens riede in grutte strafekspedysje tsjin de Goaten ta fanwege harren stipe oan Prokopius. Yn [[367]] stutsen syn troepen de rivier de [[Donau]] oer en krongen it Goatyske gebiet yn. Atanarik gong mei syn troepen de Romeinen út de wei, sadat de Romeinen yn Walachije fernielings oanbrochten. Ek yn de jierren dêrnei gie de kriich mei tuskenskoften troch. Yn [[369]] mûne dat út yn in grutte fjildslach yn Bessaraabje tusken Romeinen en Goaten dêr't it heale leger fan Atanarik by belutsen wie. De slach waard ferlern toch Atanarik mar dy koe him sa tebeklûke dat de ferliezen beheind bleaune. Yn septimber slute Falens en Atanarik frede. De frede waard ûndertekene op in skip op de [[Donau]]. De Goaten ûnthjitten de Romeinen it ryk net langer yn te kommen en behâlde harren status fan 'foederati' en 'amici' (freonen) fan it Romeinske Ryk. De hannel tusken de twa steaten waard beheine ta twa grinsposten.