Bajuwaren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Bairisches Mundartgebiet.PNG|thumb|350px|De Beiersktalige krite fan no]]
De '''Bajuwaren''' of '''Bavarii''' wienen in [[Germanen|Germaanske]] folksstam dy't tahâlde yn de [[Dútslân|DútseDútske]] krite [[Beieren]], dy't syn namme ek oan harren te tankjen hat en dêr't de Bajuwaren it [[hartochdom Beieren]] stichten. Teffens is bewiisd dat de Bajuwaren grutte parten fan [[Eastenryk]] befolken en ynfloed yn [[Bohemen]] hienen.
 
De komôf fan de Bavarii is net hielendal dúdlik. Der wurdt meast oannaam dat de Bavarii besibbe binne mei de [[Kelten|Keltyske]] stam fan de [[Boii]], alhoewol't dêr noch altyd diskusje oer is. De Boii soenen harren om 200 f.Kr. yn Beieren festige hawwe, wylst sy faaks ek harren namme ferbûn hawwe oant [[Bohemen]]. It kin wêze dat de namme sels in konglomeraat fan gruttere en lytsere dielen fan in protte folken beskriuwt, dy't sawol fan Keltyske, Germaanske, Slavyske as Romaanske oarsprong binne. Neffens in oare teory soene de Bajuwaren, dy't harren yn de 5e iuw yn Súd-Beieren en Eastenryk festigen, fan de [[Markomannen]] ôfstamme.