Theresienstadt (konsintraasjekamp): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
Rigel 13:
It kamp Theresienstadt gie offisjeel iepen op [[24 novimber]] [[1941]]. In soad Joaden út [[Tsjecho-Slowakije]] waarden doe nei Terezín deportearre. Simmer [[1942]] waard de net-Joadske befolking fan Theresienstadt fuortstjoerd. Under de 'nije bewenners' wiene in protte [[keunstner]]s, musisy en [[jurist]]en. Dêrtroch ûntstie in drok kultuereel libben yn it getto. Yn it kamp húsmannen neist de folwoeksenen ek sa'n 11.000 bern.
 
De JoadseJoadske gettobefolking hie min ofte mear selsbestjoer: de ried fan âlden. Dy rie moast ûnder mear listen opmeitsje fan wa't wol en net deportearre wurde soe. At sy wegeren om mei te wurkjen doene domwei alle bewenners deportearre en ombrocht wurde. Wyls waarden de libbensomstannichheden yn Theresienstadt hieltyd minder. Dêr't earst sa'n 7.000 Tsjechoslowaken wenne hienen, wienen der no 50.000 minsken húsfêste. Der wie te min iten en allinne al yn 1942 stoaren der om en de by 16.000 bewenners. Ynwenners dy't har fersetten tsjin de Dútsers as oars wat dienen dat harren net noaske, kamen yn it "lytse fort" (de finzenis) telâne, dêr't sy it noch folle minder hienen.
 
== Modelstêd ==