Paul Gauguin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 24:
Neidat er him yn earsten oansluten hie by de ympresjonisten, begûn Gauguin yn de perioade yn Bretanje in eigen styl te ûntwikkeljen. Hy skildere dêr froulju yn tradisjonele klaaiïng yn in tige ferstilde en konsintrearre styl dy't foaral de ienfâld fan it boerelibben liket wer te jaan. Syn eigen styl yn dy perioade tsjutte Gauguin oan mei it ''cloisonnisme'', in wurd dat ferwiist nei de midsiuwske technyk fan it [[selemalje]], yn it Frânk ''cloissoné'', wêrby't de flakjes emalje fan elkoar skieden wurde troch metalen rântsjes. Yn dy tiid, mar ek op de measte lettere skilderijen fan Gauguin, binne om sawat alle figueren donkere rânen te sjen. Yn de perioade yn Bretanje skildere Gauguin ek ferskate doeken mei religieuze foarstellingen, ûnder oaren 'Jakob en de ingel' út [[1888]]. Dat skilderij lit in kombinaasje sjen fan biddende Bretonske froulju mei harren wite mûtsen en Jakob dy't fêsthâlden wurdt troch de ingel. It skilderij falt fierder op troch de blijreade eftergrûn.
 
Yn de tropen berikke Gauguin de top fan syn keunstnerskip, al blykebliek er ek in fjochtersbaas en rûzjemakker te wêzen. It opfallend brûken fan sprekkende kleuren, de yndringende blikken fan de Polynesyske froulju dy't graach foar him posearren en de heimsinnige titels fan syn wurk dogge de leafhawwers fan syn wurk deugd.
 
== Keppeling om utens ==