Agrarysk ûnderwiis

Agrarysk ûnderwiis is ûnderwiis yn ferskillende opsichten fan de lânbou en de dêroan besibbe ûnderwerpen, lykas boskbou, túnkerij, lânskipsbehear, en behear fan natuerlike helpboarnen. It ûnderwiis wurdt op ferskillende nivo's jûn en befettet fakken, lykas biology, boaiemkunde, plantekunde, management, bistewolwêzen, en lânboutechnyk en liedt ta foar beroppen yn de agraryske of 'griene' sektor.

Yn Fryslân bewurkje seksje

Agraryske opliedinssintrum bewurkje seksje

Yn Nederlân is der agrarysk ûnderwiis op de nivo's fan tariedende middelbere beropsûnderwiis (VMBO), middelbere beropsûnderwiis (MBO) en it heger beropsûnderwiis (HBO). De earste twa wurde yn Fryslân fersoarge troch it Nordwin Kolleezje, dat foarhinne it Aoc-Friesland ("Agrarysk Underwiissintrum Fryslân") hiet. It Nordwin Kolleezje fersoarget op beide nivo's ûnderwiis op lokaasjes yn Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Bûtenpost.

It agraryske opliedingssintrum is in Nederlânsk middelber ûnderwiissysteem dat opliedings jout op de earste twa nivo's op it mêd fan: bist, plant, miljeu en fiedsel. It kaam fuort út fúzjes fan de legere en middelbere lânbouskoallen en túnkerskoallen yn de njoggentiger jierren fan de tweintichste iuw.

Heger agrarysk ûnderwiis bewurkje seksje

It heger agrarysk ûnderwiis wurdt jûn oan de Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Dêr kin, njonken de opliedings lykas túnkerij, feehâlderij en ikkerbou ek opliedings lykas Food design and Innovation, miljeukunde, bistemanagement en wettermanagement folge wurde.

Ek is der bûten Fryslân Wageningen University & Research yn Wageningen, dêr't bachelor- en masteropliedings folge wurde kinne en men as PhD-studint taret wurde op akademyske promoasje. Bacheloropliedings binne der op it mêd fan ûnder oaren technology en fieding, biology, natuer- en wetterbehear, ekonomy, sûnens en toerisme. Masteropliedings binne der bygelyks op it mêd fan biotechnology, fiedsel, akwakultuer, organyske lânbou, miljeuwittenskippen, kommunikaasjewittenskippen en ûntwikkelingsstúdzjes.

Ferantwurdlikens bewurkje seksje

Agrarysk ûnderwiis stie oant 2010 ûnder de ferantwurdlikens fan it Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit. Dêrnei kaam de ferantwurdlikens oan it Ministearje fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje. Yn oktober 2017 kaam, by it oantreden fan it kabinet-Rutte III, de ferantwurdlikens by it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip.