Doarpstsjerke (Huzum)

De Doarpstsjerke is in tsjerke yn Huzum (Ljouwert) yn de Nederlânske provinsje Fryslân.

thub
thub

Beskriuwing bewurkje seksje

De tsjerke wie earst wijd oan Jehannes de Doper. Hy stamt út de 12e iuw en hat in pleistert midskip. Yn de sealdaktoer út de 13e iuw hingje twa klokken. De klok út 1529 waard getten troch Geart fan Wou II. It jiertalanker 1655 jout in jier fan restauraasje oan. De tsjerke is in ryksmonumint.

It ynterieur is dekt troch in houten tonneferwulf. De trije hearebanken en de preekstoel datearje út de 17e iuw en it oargel út 1849 is makke troch Van Dam.

De tsjerke waard yn 2013 eigendom fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Fan 2014 ôf wurdt troch de pleatslike kommisje it Kultureel Poadium Doarpstsjerke Huzum organisearre.[1]

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90-400-9476-4
  1. Cultureel Podium Dorpskerk Huizum. dorpskerkhuizum.nl