Egbert Wagenborg (Veendam, 10 juny 1866Delfzijl, 14 juny 1943) wie in Nederlânsk ûndernimmer, ûntwerper en skipsbouwer.

Libben bewurkje seksje

Egbert Wagenborg, telch út it laach Grinzer fan ambachtslju, lânbouwers en skippers, Wagenborg, waard 1866 yn Veendam berne as in soan fan lânbouwer, weinmakker en skipsjager Petrus Wagenborg (1824-1871) en Geertruida Smeltekop (1826-1887). Hy wie in streekrjochte neisiet fan Wijpke Julles (1664-nei 1727) en ûnder oaren besibbe oan skipper Harm Wagenborg (1855-1926) en oan de kûper Pieter Wagenborg (1879-1933). Yn 't earstoan wie Wagenborg skipper. Yn 1898 sette er útein mei syn eigen skipfeart- en transportûndernimming, Wagenborg; fan 1999 ôf oan Keninklike Wagenborg.[1]

Wagenborg boaske 9 augustus 1888 yn Wildervank oan Abelina Lukkiena Vegter (1868-1931). Sy krigen alve bern.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Koninklijke Wagenborg: De historie van Koninklijke Wagenborg.