Wagenborg (laach)
Wagenborg is in Nederlânske famylje fan ûndernimmers, reders en skippers. It is ien fan de meast begoedige famyljes fan Nederlân; it tydskrift Quote rûst it fermogen fan de Wagenborgs op sa'n 335 miljoen euro.[1] It laach hie 2007 39 leden.[2] Sy wenje foar it grutste part yn Noard-Nederlân.
De famyljenamme "Wagenborg" is faaks ôflaat fan it Grinzer doarp Wagenborgen yn de gemeente Delfsyl. Oarspronklik wie it in famylje fan ambachtslju en lânbouwers en letter ek fan skipsbouwers en skipsmakelders. Guonts fan it laach boude letter belangen op yn rederijen en skipfeartûndernimmings. Sa wie it Egbert Wagenborg (1866-1943) dy't 1898 de bekende skipfeart- en transportûndernimming Keninklike Wagenborg stichte.
De famylje besit ûnder mear de havezate Laarwoud yn it Drintske Súdlaren.[3]
Bekende famyljeleden
bewurkje seksje- Egbert Wagenborg (1866-1943), scheepsmakelaar. Hy troude mei Abelina Lukkiena Vegter (1868-1931)
- Geert Wagenborg (1902-1984), reder. Hy troude mei Willemina Bos (1902-1995)
- Harm Wagenborg (1855-1926), skipper. Hy troude mei Lutgerdina Smeltekop (1859-1943)
- Petrus Wagenborg (1824-1871), lânbouwer en skipjager. Hy troude mei Geertruida Smeltekop (1826-1887)
- Pieter Wagenborg (1879-1933), kûper. Hy troude me Maria Zuurveen (1881-1919)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Voetnoten
Literatuer
|