De netteldieren (Latynske namme: Cnidaria) foarmje in stamme fan it ryk fan 'e dieren (Animalia), it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), en it tuskenryk fan 'e radiaaldieren (Radiata). Ta dizze stamme hearre mear as 10.000 soarten wetterdieren dy't yn sawol swiet as sâlt wetter libje. Dêrûnder binne de measte kwabben, mar ek de polipen en de koralen. Gauris wurdt de term 'holtedier' (Coelenterata) as synonym brûkt mei 'netteldier', mar dat is misliedend, om't holtedieren net inkeld netteldieren binne, mar ek ribkwabben (Ctenophora), dy't in selsstannige stamme fan 'e radiaaldieren foarmje, wylst itselde wurd foarhinne ek brûkt waard foar de spûnsdieren (Parazoa).

Netteldieren
De lytse blauwe kwab (Chrysaora fuscescens).
De lytse blauwe kwab (Chrysaora fuscescens).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
rangleas takson: weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: radiaaldieren (Radiata)
stamme: netteldieren (Cnidaria)
Hatschek, 1888

Anatomy en libbenssyklus bewurkje seksje

De lichemsbou fan netteldieren bestiet yn grûnsaak út in pûdsje mei ien iepening. Dy iepening fungearret as de mûle èn as de anus fan it bist, en wurdt omjûn troch in krâns fan tentakels of fangearms, dy't tarist binnen mei de spesjalisearre nettelsellen dêr't dizze groep bisten syn namme oan tanket. Sokke nettelsellen hawwe lytse, gif útskiedende harpoentsjes dy't se útsjitte kinne om proaien mei te fangen. It gif út 'e nettelsellen wurket ferlamjend, wêrnei't de warleaze proai troch de tentakels nei de mûle ta brocht wurde kin om opiten te wurden. Yn tsjinstelling ta legere bisten lykas spûnsdieren (Parazoa) beskikke netteldieren oer dúdlik ferskillende organen, lykas in opperhûd, in mage en in ienfâldich senuwstelsel.

De libbenssyklus fan netteldieren bestiet út twa stadia: in polypstadium en in medusastadium. Yn it polypstadium sit it netteldier yn 'e regel fêst oan 'e ûndergrûn mei de mûle en tentakels nei boppen ta, wylst it him yn it medusastadium op 'e streaming fan 'e see fuortdriuwe lit mei de mûle en tentakels nei ûnderen ta. By koralen en see-anemoanen is it polypstadium it wichtichst en is it medusastadium de larvale foarm. By kwabben is it krekt oarsom. By netteldieren komt sawol geslachtlike as ûngeslachtlike fuortplanting foar. Alle bekende netteldieren kinne har frij ienfâldich ûngeslachtlik fuortplantsje; foar geslachtlike fuortplanting binne se ornaris in yngewikkelde libbenssyklus mei de beide beskreaune stadia nedich en dêropta noch ynfloeden fan bûtenôf, lykas in beskate faze fan 'e moanne of de spesifike ljochtfal fan 'e moarnsdage.

 
It fosile koraal Cladocora, út it Plioseen fan Syprus.

Untwikkeling bewurkje seksje

De ierst bekende fossilen fan netteldieren datearje fan 580 miljoen jier lyn, en hawwe allegear frij modern útsjende lichemsfoarmen. Dêrby moat oantekene wurde dat fossile fynsten fan netteldieren beheind binne ta stienkoralen en in pear by tafal goed bewarre ôfdrukken fan kwabben, om't netteldieren gjin skelet oanmeitsje. It is dus ûnmooglik te sizzen wannear't de netteldieren har krekt ûntjûn hawwe.

Stamme-opbou bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.