Skiifkwabben
De skiifkwabben (Latynske namme: Scyphozoa) foarmje in klasse fan it tuskenryk fan 'e radiaaldieren (Radiata) en de stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria). Dizze groep kwabben wurdt soms ek wol oantsjut as de 'echte kwabben', mei't se it paraplufoarmige lichem hawwe dat it meast mei kwabben assosjearre wurdt. Skiifkwabben binne nau besibbe oan ferskate oare taksonomyske klassen, dy't ek ta de kwabben rekkene wurde, nammentlik de kubuskwabben (Cubozoa), de stâlkwabeftigen (Staurozoa) en in diel fan 'e kwabpolipen (Hydrozoa). Nettsjinsteande de namme binne de ribkwabben (Ctenophora) folle minder nau oan 'e skiifkwabben besibbe, en wurdt dy groep feitliks net iens ta de kwabben rekkene.
Skiifkwabben | ||
In pearsstrekige kwab (Chrysaora colorata). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
rangleas takson: | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | radiaaldieren (Radiata) | |
stamme: | netteldieren (Cnidaria) | |
klasse: | skiifkwabben (Scyphozoa) | |
Götte, 1887 | ||
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeIt meast opfallende skaaimerk fan 'e skiifkwabben is de koarte doer fan it polypstadium dat se trochmeitsje yn ferhâlding ta de lingte fan it medusastadium. De medusen fan skiifkwabben hawwe foarmen dy't útinoar rinne fan in tsjerkklok oant in skûtel, dy't gearstald binne út in bûtenste hûdlaach (de ektoderm of bûtenhûd) en in binnenste hûdlaach (de endoderm of binnenhûd), mei dêrtuskenyn in sjelei-eftich lichem. Skiifkwabben binne folle grutter as bgl. de nau besibbe kwabpolipen. Hoewol't se trochinoar in diameter hawwe fan 2-40 sm, kin de giele hierkwab (Cyanea capillata) in diameter berikke fan wol 2 m.
Yn it mulpunt fan 'e klok- of skûtelfoarm befynt him in holte dy't as mage fungearret. Sintraal oan 'e ûnderkant fan it lichem sit de mûle, mei dêromhinne in krâns fan tentakels, dy't by guon soarten meterslang wêze kinne. Skiifkwabben besteane foar 95-99% út wetter. Se hawwe in ûnfolslein spiisfertarringsstelsel, wat betsjut dat der mar ien iepening is, dy't sawol foar itensopname as foar ôffalútskieding brûkt wurdt (oftewol: de mûle docht ek tsjinst as anus). Skiifkwabben kinne swimme troch spieren yn 'e klok- of skûtelfoarm gear te lûken en wer te ûntstpannen, mar by in sterke streaming reitsje se maklik yn 'e swierrichheden. Nei in stoarm kin it strân sadwaande mei dizze bisten besiedde lizze.
Libbenswize
bewurkje seksjeDe measte skiifkwabben binne passive driuwers dy't libje fan proaien as lytse fisken en soöplankton, dy't fongen wurde trochdat se tsjin 'e tentakels oan swimme of der troch de streaming tsjinoan dreaun wurde. Der binne sa'n twahûndert soarten skiifkwabben wittenskiplik beskreaun, en dy libje allegear yn see. Yn swiet wetter kinne skiifkwabben net oerlibje, mar yn 'e oseänen komme se yn frijwol alle biotopen foar, fan mangrovemoerassen oant de djipsee.
Skiifkwabben binne sels proai foar û.m. beskate soarten toninen, haaien en seeskylpodden. As der earne in kwabbepleach ûntstiet, sa't yn 'e Middellânske See foarkommen is, komt dat yn 'e regel trochdat de minske troch oerbefisking de natuerlike fijannen fan 'e kwabben weinommen hat. Yn Sina, Japan en Súdeast-Aazje wurdt op skiifkwabben fan it skift fan 'e blomkoalkwabeftigen (Rhozostomae) sels fiske, mei't dy yn 'e Easterske koken beskôge wurde as in delikatesse.
Libbenssyklus
bewurkje seksjeDe libbenssyklus fan skiifkwabben bestiet út twa stadia. Yn it earste dêrfan hat it organisme de foarm fan in polyp en hat it in sessile (oan it substraat fêstsittende) stâle. Yn dy foarm libbet it organisme fan foarbydriuwend soöplankton, dat mei tentakels út it wetter seeft wurdt. Nei ferrin fan tiid lit de top fan 'e polyp los en begjint as frij swimmend wêzen oan it twadde stadium, dat it medusastadium neamd wurdt. De medusa is de foarm dy't de minske fan kwabben it bêste kenne. Medusen plantsje har geslachtlik fuort troch de foarming fan gameten, dy't nei ferraning in larve foarmje. De larve set him earne op 'e ûndergrûn fêst mei in stâle, en groeit dan út ta in polyp.
Klasse-opbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|