De radiaaldieren (wittenskiplike namme: Radiata) foarmje in tuskenryk fan it ryk fan 'e bisten (Animalia) en it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), dat tegearre mei it tuskenryk fan 'e twasidigen (Bilateria) ûnderbrocht wurdt by it rangleaze tuskentakson fan 'e weefseldieren (Eumetazoa). Radiaaldieren binne alsidich symmetrysk boude bisten, dy't in mûle hawwe mei dêromhinne in krâns fan tentakels. Se omfiemje fierders twa sellagen: in bûtenste (de ektoderm of bûtenhûd) en in binnenste (de endoderm of binnenhûd), wêrfan't de lêste de termholte beklaait. Soms wurdt foar de radiaaldieren ek de term holtedieren (Coelenterata) brûkt, mar dat moat ûntret wurde, mei't dy namme foarhinne ek brûkt waard om 'e spûnsdieren (Parazoa) oan te tsjutten.

radiaaldieren
In earkwab (Aurelia aurita).
In earkwab (Aurelia aurita).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
rangleas takson: weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: radiaaldieren (Radiata)
Cuvier, 1834

Underferdieling

bewurkje seksje

It tuskenryk radiaaldieren bestiet út twa libbene stammen, wylst in trêdenien útstoarn is:

Ta de netteldieren hearre de skiifkwabben, polipen en koralen. Hoewol't in symmetryske lichemsbou yn 'e regel jûn wurdt as it definiëarjende skaaimerk fan radiaaldieren, fertoane guon netteldieren yn it larvale stadium in ûnmiskenbere twasidige symmetry. Dêrom tinke guon saakkundigen dat in twasidige symmetry him al earder ûntwikkele hawwe moat as by it útinoarfallen fan 'e radiaaldieren en de twasidigen, wat betsjutte soe dat symmetry yn radiaaldieren gjin primêr skaaimerk id. Sadwaande is de term 'radiaaldieren' no stadichoan út 'e graasje oan it reitsjen yn 'e wittenskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.