De kwabben (Latynske namme: Medusozoa) foarmje in ynformele groep binnen de taksonomyske stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria). Hoewol't dizze groep yn 1979 foarsteld waard as in formeel takson, wurdt dat tsjintwurdich as in efterhelle idee beskôge, om't guon kwabben nauwer besibbe binne oan 'e polipen as oan oare kwabben, wat de yndieling yn in aparte groep ûnwurkber makket.

Kwabben
In pearsstrekige kwab (Chrysaora colorata).
In pearsstrekige kwab (Chrysaora colorata).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
rangleas takson: weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: radiaaldieren (Radiata)
stamme: netteldieren (Cnidaria)
ynformele groep: kwabben (Medusozoa)
Petersen, 1979

Kwabben binne wetterdieren dy't frij omswimme, yn tsjinstelling ta polipen, dy't oan in ûndergrûn fêstgroeid sitte. Se besteane út in sjelei-eftich, paraplufoarmich lichem dat in massa tentakels meisleept dy't tige lang wurde kinne. It lichem kin pulsearjende bewegings meitsje wêrmei't de kwab himsels troch it wetter fuortbeweecht, wylst de tentakels, dy't tarist binne mei nettelsellen, brûkt wurde om proaidieren te fangen.

Kwabben besteane teminsten al 500 miljoen jier, en mooglik wol 700 miljoen jier of noch langer, wat har ta it âldste bist mei mear as ien orgaan meitsje soe. Se komme foar yn alle oseänen, fan it wetteroerflak oant de djipsee. Guon soarten libje yn swiet wetter. It kinne tige grutte bisten wêze, dy't faak opfallend kleure binne. Yn 'e kustsônes foarmje beskate soarten troch har grutte oantallen, har lange tentakels, of de krêft fan it gif yn har nettelsellen in gefaar foar minsklike swimmers.

Subgroepen kwabben

bewurkje seksje

Der binne fjouwer subgroepen kwabben. Dy hearre allegearre ta 'e stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria). It giet om:

De stamme fan 'e netteldieren omfiemet ek trije groepen dy't net ta de kwabben rekkene wurde (om't se net frij omswimme), nammentlik:

Oars as dat de namme suggerearret, binne de ribkwabben (Ctenophora) gjin 'echte' kwabben. It grutste ferskil is dat ribkwabben har net mei in pulsearjende 'paraplu' fuortbewege, mar troch te 'peddeljen' mei in grut tal lytse 'fuotsjes'. Dizze groep bisten is dêrom yn in eigen taksonomyske stamme ûnderbrocht, dy't op deselde hichte stiet mei de netteldieren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.