Ostfriesische Landschaft

De Ostfriesische Landschaft of Eastfryske Lânskip (Eastfrysk Plat: Oostfreeske Landskupp, Sealterfrysk: Aastfräiske Loundskup) yn Auwerk is in bestjoerlik elemint, dat al sûnt 1464 bestiet. De Eastfryske Lânskip hat it foech oer kulturele saken yn de bestjoerlike distrikten Lier, Auwerk, Emden en Wittmund en wurdt ek wol it kulturele parlemint fan Eastfryslân neamd.

Gebou fan de Ostfriesische Landschaft yn Auwerk
It wurkgebiet fan de Ostfriesische Landschaft
It Upstalbeamwapen fan 1678

De bibleteek fan de Eastfryske Lânskip is de grutste wittenskiplike bibleteek dy't Eastfryslân hat. De Eastfryske flagge (swart, read en wyt) waard pas yn 1989 formeel fêstlein, it tradisjonele wapen fan de Upstalbeam fan 1678 wurdt hjoed-de-dei ek noch brûkt.

Bestjoerlik foech bewurkje seksje

De Eastfryske Lânskip is ien fan de sân histoaryske lânskippen dy't der noch binne yn de dielsteat Leechsaksen. Lykwols hat de Eastfryske Lânskip mear bestjoerlik foech as de oare lânskippen yn de dielsteat. It is in autonoom kultureel parlemint en de juridyske status fan de Eastfryske Lânskip kin net lykslein wurde mei dy fan de oare lânskippen.

It is in selsstannige bestjoerlike ienheid wêrfan de opbou en status yn kêst 72 fan de dielsteatwet fan Leechsaksen ferankere is. De Eastfryske Lânskip hat in eigen 'lânskipsgrûnwet' dêr't de taken en wurkwize yn beskreaun stean. De grûnwet makket ek de skieding mei de hegere en legere bestjoerlike lagen dúdlik, dy binne der inkeld om stipe te jaan en de autonome status fêst te hâlden en feilich te stellen.

As bestjoerlik elemint is de Eastfryske Lânskip ferantwurdlik foar kulturele, wittenskiplike en ûnderwiiskundige saken. It is in Höherer Kommunalverband, de heechste bestjoerlike laach op regionaal nivo (winliken alles ûnder dielsteatnivo). De twadde laach binne de bestjoerlike distrikten (Kreis) Lier, Auwerk, Emden en Wittmund, de gemeenten (Gemeinde) dy't ûnder dy distrikten falle foarmje de leechste bestjoerlike laach. De lânskipsried beslacht 49 leden en wurdt demokratysk keazen troch de folksfertsjintwurdigers fan de fjouwer Eastfryske distrikten.

Keppeling om utens bewurkje seksje